De taigawink (Anser fabalis) is in fûgel út de famylje fan de Einfûgels. Dizze goes hat in protte fan it Blaupoatsje mar wurd tsjinwurdich as in aparte soart sjoen.

taigawink
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai guozzen (Anser)
soarte
Anser fabalis
Latham, 1787
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

seizoenlikens:
     simmerfûgel
     wintergast

ûndersoarten:
1   A. f. fabalis
2   A. f. johanseni
3   A. f. middendorffii


De taigawink is foar it grutste part griisbrún. Syn hals en kop binne donkerbrún; hjirtroch is de Taigawink te ûnderskieden fan de blesgoes en de skiere Goes. Syn boarst en búk binne ljochtbrún, by de sturt sels wyt. De wjukken binne wer in stik donkerder.

De snaffel is by de oanset swart en hat ek in swarte punt. Fierder is er oranje; de grutte fan it oranje stik is ferskillend by de ferskillende ûndersoarten fan de Taigawink. It mantsje en wyfke lykje in protte op inoar; it wyfke is wat lytser en lichter. De goes is 65-90 sm grut en hat in wjukspanwiidte fan 140-170 sm. De fûgels wage tusken de trije en fjouwer kilogram. Fan ringe eksimplaren is útfûn dat de fûgels yn it wyld sa'n tweintich jier âld wurde kinne.

Fersprieding

bewurkje seksje

De taigawink is in trekfûgel dy't hieltyd wer deselde bried- en oerwinteringsgebieten opsiket. Hy briedt op de toendra en taiga fan Noard-Skandinaavje ôf oant it easten fan Sibearje. De fûgel hat in protte oerwinteringsgebieten: yn West-Jeropa bygelyks yn Denemark en de Noardseekust, yn Súd-Sweden en de Dútske Eastseekust, en ek wol mear nei it binnenlân yn it streamgebiet fan de Donau. By hiele kâlde winters lûkt de Taigawink fierder nei Spanje en Portugal en somtiden sels nei Marokko.

 
Aaien fan 'e taigawink.

De Eastsiberyske fûgels oerwinterje yn Sintraal-Aazje, foaral yn Iran en noch fierder nei it easten oerwinterje de fûgels yn Sina, Korea en Japan.

Yn it briedgebiet ite de taigawinken gers, krûden en wetterplanten. By de hjerst ek wol beien en beantsjes; fan it lêste komt ek de Ingelske namme bean goose. Yn de gebieten dêr't se oerwinterje ite se meast woartels, jirpels en wat der mar mear by de boeren op it lân te finen is.

De jonge fûgels binne noch net inkel fegetarysk mar ite ek wol ynsekten en lytste kreefteftigen.

Fuortplanting

bewurkje seksje

Taigawinken sykje yn harren tredde jier in partner dêr't se har hiele libben bybliuwe. Yn maart fleane de fûgels wer nei harren briedgebieten dêr't se yn april en maaie begjinne te brieden. It wyfke bout in nêst ûnder de strûken, fan gers en mos en ek dûnsfearren. It wyfke leit meastentiids 4-6 aaien en begjint te brieden as it lêste aai lein is sadat de jongen tagelyk útkomme. Nei sa'n 25-29 dagen komme de jongen út it aai, dy't nei sa'n oardel moanne fleane kinne. De jongen bliuwe noch wol in hiel jier by harren âlden.

Keppeling om utens

bewurkje seksje