Nijseelânske moannegoes

De Nijseelânske moannegoes (Chenonetta finschi) wie in grutte, flechtleaze ein en endemysk yn Nij-Seelân wie. De soarte waard oarspronklik yn it monotyske skaai Euryanas yndield. Hjoed-de-dei wurdt de fûgel as in sibbe fan 'e moannegoes beskôge en dêrom yn it skaai Chenonetta set. It ûnstien fan in aparte soarte leit nei alle gedachten noch net hiel fier werom. De fûgel wurdt ek wol nei de Dútske ornitolooch Otto Finsch Finschein neamd, dy't de fûgel foar it earst as in aparte soarte herkende.

Nijseelânske moannegoes
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Ansariformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai moanneguozzen (Chenonetta)
soarte
† Chenonetta finschi
Van Beneden, 1875
útstoarn

De Nijseelânske moannegoes wie folle grutter as de besibbe moannegoes en nei alle gedachten twaris sa swier. Ek hie de fûgel folle gruttere poaten. De wjukken wiene boppedat bot redusearre en neffens fynsten fan fossilen, wurdt der fanút gien dat de fûgel yn 10.000 jier tiid 10% fan 'e wjuklingte ferlear om 't de fûgel dêr gjin fijannen hie. Doe't de fûgel útstoar wie de soarte nei alle gedachten al hielendal net mear yn steat om te fleanen. De ôfspjalting fan 'e moannegoes is werom te lieden op syn sterk op it lân rjochte libbenswize. De soarte libbe yn bosk, strewellen en gerslân.

Om 't de moannegoes fral plantaardich materiaal yt en wringeleaze dierkes tafallich mei planten opfret, wurdt der oannommen dat ek de Nijseelânske moannegoes in plante-iter wie. De soarte boude it nêst nei alle gedachten yn grûnholtes.

De belangrykste oarsaken fan ít útstjerren fan 'e Nijseelânske moannegoes binne de jacht troch de Maori's en de komst fan rotten. De maori's kamen likernôch 1000 n. Kr. nei Nij-Seelân en namen doe de rotten mei, dy't de nêsten plonderen en ek oare fûgels sûnder fleanfermogen slim bedrigen. Yn jiskebulten fan maori's is in soad fossyl bewiis fûn, dy't ta de konklúzje late dat der bot jage waard op 'e fûgel. Mei help fan radiokoalstofdatearing koe mei wissens fêststeld wurde dat de soarte noch oant yn 'e lette 15e iuw en mooglik sels noch oant healwei de 17e iuw libbe. It is sels net út te sluten dat de fûgel noch libbe nei't de earste Europeanen kamen. Neffens in berjocht soene yn 1870 hûnen yn 'e buert fan Opotiki in grutte, flechtleaze goes mei readbrune fearren fongen ha, itjinge betsjutte kin dat de soarte it noch oant yn 'e 19e iuw fol holden hat.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Finschs Ente