Slob
Anas clypeata 00864t.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Goeseftigen (Anseriformes)
Famylje: Einfûgels (Anatidae)
soarte
Spatula clypeata

De Slob (Spatula clypeata, foarhinne Anas clypeata) is in fûgel út it skaai fan de einen.

FoarkommenBewurkje

De 50 sm grutte Slob waaget tusken de 400-1100 gram en hat in wjukspanwiidte fan 80 sm. De opfallende leppelfoarmige snaffel falt fuortendaliks op en wurdt sa'n 7 sm lang. De jerke is ek maklik te werkennen oan syn opfallende kleuren. Hy hat in wyt boarst mei in donkere rêch. Yn it midden binne de fearren readbrún fan kleur. Fierders hat de jerke in griene kop mei in giel each.
Lykas by de oare einen út dit skaai is it wyfke ûnopfallend brún fan kleur.

FerspriedingBewurkje

De Slob komt foar by fiedselrike binnenwetters yn Jeraazje en Noard-Amearika. By winterdeis trekke de measte einen nei Súd-Jeropa of Afrika.

ItenBewurkje

De Slob sillet it wetter mei syn snaffel wêrby hy lytse dierkes fangt, sa as wetterluzen en ynsektelarfen.

FuortplantingBewurkje

 
wyfke fan de slob

De Slob wurdt nei ien jier geslachtsryp. De briedtiid leit tusken maaie en july. It wyfke bout fan plantemateriaal in nêst op de grûn flakby it wetter, meast goed ferside yn de begroeiïng. De 6 oant 13 donkergriene aaien wurde sa'n 22-28 dagen troch it wyfke bebret. De jongen ferlitte dan mei harren mem it nêst en bliuwe noch sa'n 6 wiken by har foardat se harren sels rêde.

 
Spatula clypeata

LiteratuerBewurkje

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Löffelente fan Wikimedia Commons.