Slobeinen
Slobeinen of slobben (Spatula), ek wol de tsjillings neamd, foarmje in fûgelskaai út 'e famylje einfûgels (Anatidae).
Slobeinen | ||
Pearke slobeinen. | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
ûnderklasse: | moderne fûgels (Neornithes) | |
tuskenklasse: | nijkakigen (Neognathae) | |
boppeskift: | goes- en hineftigen (Galloanserae) | |
skift: | goeseftigen (Anseriformes) | |
ûnderskift: | echte goeseftigen (Anseres) | |
boppefamylje: | goesfûgels (Anatoidea) | |
famylje: | einfûgels (Anatidae) | |
skaai | slobeinen (Spatula) | |
Boi, 1822 | ||
Eartiids wiene de slobeinen by it skaai fan 'e einen yndield. Neffens in yn 2009 publisearre stúdzje koe troch ferlikening fan it DNA fêststeld wurde dat it doetiidske skaai Anas net monofyletysk wie. It skaai Anas waard op basis fan sibskip doe yn fjouwer monofyletyske skaaien opdield. Tsien waarden yn it skaai Spatula yndield. Oarspronkelik wie dat skaai yn 1822 troch de Dútske zoölooch Friedrich Boie útsteld. De typesoarte is de slob.
Soarten
bewurkje seksjeDer wurde tsien soarten yn it skaai teld:
Ofbyld | wissenskiplike namme | namme | fersprieding |
---|---|---|---|
S. querquedula | Skiertsjilling | Europa en westlik Aazje. | |
S. hottentota | Hottentottsjilling | Eastlik en súdlik Afrika fan Sûdan en Etioopje oant Súd-Afrika en Namybje, fierder in westlike populaasje yn Niger en Nigearia.] | |
S. puna | Pûnatsjilling | Perûaanske Andes, west Bolivia, noardlik Sily, it uterste noardwest fan Argentynje. | |
S. versicolor | sulvertsjilling | Súdlik Bolivia, súdlik Brazylje, Paraguay, Argentynje, Sily, Oerûguay, Súd-Georgje, Súdlike Sandwicheilannen, Falklâneilannen | |
S. platalea | reade slob | Fan Fjoerlân oant Sily en it grutste diel fan Argentynje, de Falklâneilannen en isolearre populaasjes yn it suden fan Perû. | |
S. cyanoptera | kanieltsjilling | Súd-Amearika, west fan 'e Feriene Steaten en it súdwest fan Kanada, seldsum oan 'e eastlike kust fan 'e Feriene Steaten. | |
S. discors | blauwjuktsjilling | Noard-Amearika, briedt fan súdlik Alaska oant Nova Scotia en súdlik oant it noarden fan Teksas. | |
S. smithii | Kaapske slob | Súd-Afrika, ûnregelmjittich noardliker yn Namybje, Botswana, Simbabwe, it suden fan Angoala, Lesoto, Mozambyk en Sambia. | |
S. rhynchotis | Australyske slob | Austraalje, Tasmaanje en Nij-Seelân. | |
S. clypeata | slob | It noarden fan Euraazje en grutte dielen fan Noard-Amerika. |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Spatula fan Wikimedia Commons. |