Súd-Georgje of Súd-Georgia is it grutste eilân fan Súd-Georgia en de Súdlike Sandwicheilannen, in oerseesk gebiet fan Grut Brittanje. Súd-Georgje leit yn it suden fan de Atlantyske Oseaan, 1400 km eastlik fan Argentynje. It eilân is 160 km lang en 30 km breed en hat in oerflakte 3.756 km². De eilannekloft wurdt fanút de Falklâneilannen bestjoerd. It eilân hat trochstrings in befolking fan 30 minsken dêr't mar twa fan der permanint wenje. Haadplak op it eilân is Grytviken.

Lizzing fan Súd-Georgia op kaart
 
Grytviken

It eilân waard neffens sizzen foar it earst fan ôfstân sjoen yn 1675 troch Anthony de la Roché, in Londenske hannelsreizger, en waard dêrom op iere lânkaarten oantsjutten as Roche Eilân. Om-ende-by 28 of 29 juny 1756 waard it eilân wer sjoen fan ôfstân troch it Spaanske hannelskip 'León', ôfkomstich út Sint-Malo.

Yn 1775 fear kaptein James Cook om it eilân hinne, kaam as earste oan lân, en kleemde it eilân foar de Britske Kroan. Hy neamde it eilân Eilân Georgja ("Isle of Georgia") ta eare fan kening George III. Yn 1843 waard it eilân offisjeel ûnder Britsk bestjoer steld.

Yn de 18e iuw wie it eilân in basis foar seehûnnejagers en fan de 19e iuw ôf foar walfiskjagers, oant yn 1960 mei de jacht stoppe waard. De earste walfiskjachtbasis en dêrmei de earste delsetting fan it eilân mei permaninte bewenning waard yn 1904 oprjochte troch de Noar Carl Anton Larsen ûnder de namme Grytviken. De basis is net langer mear yn gebrûk en op it heden is der in wittenskiplik ûndersyksintrum fêstige. Der is in museum, dat troch de iennige twa fêste bewenners fan it eilân beheard wurdt.