Sineeske gielpuntsnaffelein

De Sineeske gielpuntsnaffelein (Anas zonorhyncha) is in fûgel út de famylje einfûgels (Anatidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte is foar it earst yn 1866 troch Swinhoe publisearre. Earder waard de fûgel as in ûndersoarte fan 'e Yndyske gielpuntsnaffelein (Anas poecilorhyncha) beskôge.

Sineeske gielpuntsnaffelein
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai einen (Anas)
soarte
Anas zonorhyncha
Swinhoe, 1866
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
oranje: ferspriedingsgebiet Sineeske gielpuntsnaffelein.
grien: ferspriedingsgebiet Yndyske gielpuntsnaffelein.
 
Pearke Sineeske gielpuntsnaffeleinen.

Oarspronklik waard de Sineeske gielpuntsnaffelein as in ûndersoarte fan 'e Yndyske gielpuntsnaffelein beskôge. De Amerikaanske ornitolooch Bradley Livezey stelde yn 1991 yn in morfologyske stúdzje út om de ein as in aparte soarte te behanneljen. Fjildwurk yn Hong Kong wiisde dêrnei út dat, alhoewol't beide einen yn 'e selde tiid yn dat gebiet brieden, der hast gjin sprake wie fan mingde pearkes. Dy observaasje brocht de American Ornithologists' Union der ta om yn 2008 de Sineeske gielpuntsnaffelein as in aparte soarte te erkennen.

De measte taksonomen behannelje de Sineeske gielpuntsnaffelein no as in aparte soarte. Der is yn it easten fan Ruslân oant in bepaalde hichte sprake fan hybridisaasje mei de wylde ein. De jerken fan de Sineeske gielpuntsnaffelein ha mear oanstriid om mei wyfkes fan 'e wylde ein te pearen as oarsom.

 
De Sineeske gielpuntsnaffelein oan it begjin fan 'e flecht.

De fûgel is 55 oant 63 sm lang en hat in spanwiidte fan 93 oant 95 sm mei in gewicht fan 790 oant 1500 gram. De ein is like grut as de wylde ein en hat in fearrekleed mei in skobbich patroan en in blauwe spegel op 'e wjuk. De lange nekke en de swarte snaffel mei de giele punt binne ûnderskiedend.

De Sineeske gielpuntsnaffelein is donkerder en bruner as de Yndyske gielpuntsnaffelein en hat gjin oranjeread plak op 'e basis fan 'e snaffel. Ek hat de Sineeske gielpuntsnaffelein in blauwe spegel, wylst dy fan 'e Yndyske gielpuntsnaffelein grien is. It fearrekleed fan 'e Sineeske gielpuntsnaffelein hat mear oerienkomsten mei de wynbrau-ein.

Fersprieding

bewurkje seksje

De soarte komt yn Sina en it súdeasten fan Aazje foar. Sineeske gielpuntsnaffeleinen binne trekfûgels en oerwinterje yn it suden fan Sina en mooglik Súdeast-Aazje. Bûten de briedtiid is it in sosjale fûgel, dy't yn groepen libbet. De populaasjes fan Japan en it Russyske Fiere Easten hawwe harren ferspriedingsgebiet sûnt it begjin fan 'e 20e iuw sa'n 500 km nei it noarden ta útwreide.

It biotoop fan 'e ein bestiet út marren en sompen yn relatyf iepen lân. De einen ite yn 'e jûntiid of nachts en sykje fral nei plantaardich fiedsel.

 
De Sineeke gielpuntsnaffelein mei einepiken.

De briedtiid is ôfhinklik fan 'e reintiid en de wetterkondysje, mar leit ornaris tusken april en july. It nêst is op 'e grûn tusken begroeiïng by wetter en it lechsel bestiet út sân oant njoggen aaien. De aaien kommen 24 dagen nei it lizzen út en de einepiken ha in soad fan dy fan 'e wylde ein, mar ha dan in bredere eachstreek.

De Sineeske gielpuntsnaffelein hat in grut ferspriedingsgebiet. Allinne dêrom al is de kâns op útstjerren lyts, mar de oantallen rinne tebek. De grutte fan 'e populaasje wurdt op 0,8 oant 1,6 miljoen fûgels rûsd. Mei't de tebekgong de lêste 10 jier noch ûnder de 30% leit, stiet de fûgel op de Reade list fan 'e IUCN as net bedrige.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Meller's duck