De wynbrau-ein (Anas superciliosa) is in fûgel út 'e famylje einfûgels (Anatidae). De soarte waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1789 troch Johann Friedrich Gmelin.

wynbrau-ein
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai einen (Anas)
soarte
Anas superciliosa
Gmelin, 1789
IUCN-status: net-bedrige
ferspriedingsgebiet
 
Kop fan 'e wynbrau-ein.

De fûgel wurdt 54 oant 61 sm en in spanwiidte fan 80 oant 100 sm. De ein hat in donker bealchje en in bleker kopke mei in donkere kroan en donkere streken op it gesicht. Ek ûnder de wjukken is de fûgel bleker. De griene spegel fan 'e ein is fral yn 'e flecht goed te sjen. Jerken binne yn 'e regel grutter as wyfkes. De snaffel is swarteftich mei donker oliifgrien. Der binne fariaasjes en op guon eilannen binne de fûgels wat donkerder of lytser as de haadfoarm. De ein komt net foar op 'e Marianen, mar is dêr somtiden by de migraasje te sjen. Op de Marianen libbe earder de útstoarne Marianenein, nei alle gedachten in hybride fan 'e wynbrau-ein en de wylde ein wie.

Fersprieding

bewurkje seksje

De ein komt yn in grut gebiet yn en om it Australyske kontinint foar en hat twa erkende ûndersoarten:

In tredde ûndersoartes, de A. s. rogersi út Austraalje, wurdt somtiden as ûndersoarte neamd, mar is genetysk en fenotypysk net te ûnderskieden fan 'e nominaatfoarm.

 
Wyfke mei piken.

It nêst sit yn 'e regel yn in holte fan in beam. Somtiden wurdt der gebrûk makke fan in âld nêst fan oare fûgels. Ut en troch briedt de ein ek op 'e grûn. It lechsel bestiet út 8 oant 10 aaien, dy't troch it wyfke útbret wurde. Nei 26 oant 32 dagen komme de aaien út en as de pykjes drûch binne hippe se it nêst út en past it wyfke fierder op se. Nei 58 dagen kinne de piken fleane.

It is net bekend hoefolle fûgels der fan 'e wynbrau-ein binne. Wetland International rûsde yn 2006 de populaasje op 180.000-1.200.000 fûgels. Beide ûndersoarten binne sûnt 1970 wol yn oantallen foars efterút gien.

De Nij-Seelânske populaasje fan 'e superciliosa waard yn 'e jierren 1970 noch op 1,5 miljoen fûgels rûsd. Yn 'e jierren 1990 wie dat oantal tebek rûn nei 500.000 (Barry Heather en Hugh Robertson 1997) of sels 80.000 oant 150.000 (Rose en Scott, 1997) fûgels. De ûndersoarte pelewensis wurdt op 10.000-25.000 fûgels rûsd en liket stabyl.

Yn Nij-Seelân wurdt de tebekgong oan biotoopferlies taskreaun, ek is in grut part fan 'e populaasje ferlern gien troch krusing mei de ynfierde wylde ein. Yn Melaneezje giet de soarte stadichoan efterút troch jacht en ferlies oan biotoop. Ek yn Austraalje is der ferlies oan biotoop, mar de fûgels lykje harren dêr better oan te passen.[1]

Der is gjin sicht op de hjoeddeiske ûntwikkeling fan 'e omfang fan 'e populaasje. Mar de soarte komt yn in grut ferspriedingsgebiet foar en de populaasje is noch grut genôch. Dêrom wurdt de fûgel troch IUCN as net-bedrige beskôge (2024).[2]

Wynbrau-ein Hybride fan 'e
wynbrau-ein en wylde ein
   

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Pacific black duck