Marianenein
De Marianenein of Oustaletein (Anas oustaleti) is in útstoarne einesoarte dy't endemysk wie op 'e Marianen, in eilannegroep yn 'e Grutte Oseaan. Oer de taksonomyske status wurdt noch jimmeroan debatearre. It wurdt beskôge as in selsstannige soarte, in ûndersoarte fan 'e wylde ein (Anas platyrhynchos) of fan 'e wynbrau-ein (Anas superciliosa) en somtiden fan 'e Yndiaaske fleksnaffelein (Anas poecilorhyncha).
Marianenein | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ofbyld fan it lêste mantsje. | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Anas oustaleti | ||||||||||||
Salvadori, 1894 | ||||||||||||
IUCN-status: útstoarn
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
|
Taksonomy
bewurkje seksjeDe taksonomyske status fan 'e Marianenein is in striidkwestje, om't de op in tuskenfoarm liket fan 'e wylde ein en de wynbrau-ein, twa oan inoar besibbe soarten dy't faak meiïnoar kruse. Tommaso Salvadori beskreau de fûgel foar it earst wittenskiplik as in aparte soarte fan it skaai einen (Anas). De ein waard ferneamd nei de Frânske zoölooch Emile Oustalet, dy't de ein sammele hie. Neffens Salvadori wie de Marianenein besibbe oan 'e wynbrau-ein.
Oare taksonomen lykas Dean Amadon en Ernst Mayr beskôgen de fûgel as in ûndersoarte fan 'e wylde ein. Yoshimaro Yamashina bestudearre eksimplaren yn 1948 yn Japanske musea en konkludearre dat de Marianenein in foarbyld wie fan in hybride, dy't him as soarte ûntwikkele en fan 'e wylde ein en de ûndersoarte Anas superciliosa pelewensis fan 'e wynbrau-ein stamde. Guon oare wittenskippers, lykas Jean Delacour, beskôge de Marianenein as in gewoane hybride en hy naam de fûgel dêrom ek net op yn syn fjouwerdielich wurk oer einen. De ein waard ek net op de Reade List fan IUCN neamd.
Fossilen fan Marianeneinen en harren foarâlders binne net bekend en dat betsjut dat der twifel is oer de ferûnderstelling dat der op 'e Marianen foar in lang skoft in populaasje wynbrau-einen west hat. De measte skûlpakken en grotten op 'e Marianen waarden by de Slach om Gûam (21 july - 10 augustus 1944) ferneatige. Der is troch in prehistoaryske bonke in soarte fan rinein bekend, dat yn 1994 op it eilân Rota fûn waard, dy't lykwols net bot besibbe wie oan 'e Marianenein.
Fersprieding
bewurkje seksjeDe fûgels kamen foar op de eilannen Gûam, Saipan en Tinian. Der binne yn 1945 twa fûgels op Rota sjoen, mar dat wiene nei alle gedachten tafallich swalkjende einen.
Utstjerren
bewurkje seksjeDe fûgels rekken harren biotoop kwyt troch it droechlizzen fan 'e wetlands foar lânbou en bebouwing. Der wie yn 'e Japanske tiid (1914-1945) in ferbod op wapens, mar de fûgel waard in soad mei fallen fongen. It wapenferbod waard nei de Twadde Wrâldoarloch opheft en yn 'e jierren 1940 wiene swarmen fan mear as tolve fûgels al seldsum. Op Guam waard de fûgel foar it lêst yn 1949 en 1967 sjoen. Mei't Saipan in better en in minder goed tagonklik biotoop foar de ein hie, al hie dat ek te lijen fan fersmoarging, hold de fûgel it dêr noch wat langer út. Yn 1977 waard de ein op 'e list fan United States Fish and Wildlife Service as bedrige opnommen.
Yn 1979 waarden op Saipan noch twa jerken en wyfkes fongen, ien fan 'e jerkjes waard letter wer frijlitten en dat wie de lêste, wylde Marianenein dy't ea sjoen is. It pearke waard nei Hawaï brocht en letter nei San Diego, dêr't besocht waard om se yn finzenskip te fokken. Dat wie lykwols gjin sukses en de soarte stoar mei it ferstjerren fan 'e lêste ein yn 1981 út. De jierren dêrnei waard der noch ûndersyk dien, mar it is wis dat de soarte doe al ferdwûn. Fanwegen it útstjerren waard de Marianenein op 23 febrewaris 2004 fan 'e list fan bedrige fûgels skrast.
Beskriuwing
bewurkje seksjeMarianeneinen wiene 51 oant 56 sm lang en hiene in gewicht fan likernôch 1 kilo, dêrmei wiene se wat lichter as gewoane wylde einen. Fan 'e jerkjes wiene twa ferskillende kleurfarianten bekend, dy't mei it type "platyrhynchos" en "superciliosa" oantsjut waarden, nei de soarten dêr't se mear op liken.
Alline it type "platyrhynchos" hie in dúdlik pronkkleed yn 'e briedtiid: de kop wie lykas by jerken fan wylde einen grien, mar minder glânzgjend, mei wat bleekgiele fearren oan 'e sydkanten, in donkerbrune eachstreek en in dizige, wyteftige ring oan 'e basis fan 'e nek. It boppeboarst wie donker rôzich, kastanjebrún mei swartbrune flekken. De spegel en de sturt hiene fan dy fan 'e jerken fan 'e wylde ein en de brune eksimplaren fan 'e wynbrau-ein. De snaffel wie oan 'e basis swart en oliifgrien oan 'e punt, de poaten readeftich oranje mei donkere fluezen tusken de klauwen en in brune iris. Nei it ferfearjen like de ein op in donkere wylde ein nei it ferfearjen.
De jerkjes fan 'e "superciliosa" liken op 'e wynbrau-ein en hiene in minder dúdlik tekene kop. De streek boppe it each en de wangen wiene bleekgiel en de wangstreek (malaire) wie hast net te sjen. De boppeboarst, de flank- en skouderfearren hiene bredere bleekgiele rânen en de ûnderwjukken wiene ljochter. De spegel wie meastentiid fan it type "platyrhynchos", dus lykas dy fan 'e wylde einen, mar teminsten twa eksimplaren hiene de griene spegel fan 'e wynbrau-ein. De snaffel like op dy fan A. superciliosa, en de iris en poaten liken op dy fan it "platyrhynchos"-type.
Wyfkes liken in soad op it donkere wyfke fan 'e wylde ein.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Mariana mallard
|