Ferfearjen
Ferfearjen is in biologysk proses by fûgels, wêrby't se fan fearren wikselje. Dat bart periodyk har hiele libben lang. De earste kear is wannear't it dûns dêr't se as pyk mei út it aai kommen binne, ferfongen wurdt troch de echte fearren fan it folwoeksen uterlik. Dêrnei ferfearje de measte fûgels teminsten ienris yn 't jier, wêrby't de âlde fearren útfalle en der nijen foar yn it plak groeie. By hinnen en nuete einen bard dat hjerstmis, sadat de fûgels wer hielendal nij yn 'e fearren binne as it winter wurdt. In protte fûgelsoarten ferfearje lykwols twaris of sels trijeris yn 't jier.
Ferfearjen is oer it algemien in stadich proses, mei't fûgels frijwol nea alle fearren yn ien kear kwytreitsje. Se hawwe ommers in ridlik funksjoneel fearreklaad nedich om har lichemstemperatuer mei te regulearjen. It komt ek foar dat fûgels allinne op 'e kop en de romp ferfearje en de wjukken en sturt oerslane om dy letter ris te ferfearjen. Guon soarten, dy't normaalwei fleane kinne, wurdt by it ferfearjen in skoft flechtleas, mei't se ferlet hawwe fan 'e fearren oan 'e wjukken om te fleanen. Sokke bisten moatte foar it ferfearjen in feilich plak opsykje om't se yn dy perioade tige kwetsber binne foar lânrôfdieren.
Hoewol't it fearreklaad fan fûgels ûnder it ferfearjen tin of ûngelikens wêze mei, hearre der gjin keale plakken te ûntstean. As soks foarkomt, lykas yn 'e plomfeehâlderij of by húsdieren, is it ornaris in teken fan sykte, parasiten of stress-relatearre fearreplôkjen troch de fûgels sels. By guon fûgels falle soms, as se bot kjel wurden binne, fearren út, benammen út 'e sturt. Dat ferskynsel wurdt "eangstferfearjen" neamd. Inkele fûgelsoarten feroarje by it ferfearjen net inkeld fan fearren, mar ek de kleur fan 'e fearren. Se binne dêrtroch winterdeis wyt, sadat se weiwurde tsjin in snieïge eftergrûn. In foarbyld fan in fûgelsoarte mei sa'n seizoenale kleurwikseling is de moerassniehin (Lagopus lagopus).
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|