De Chathamein (Anas chathamica) is in útstoarne einfûgel, dy't ea op 'e Nij-Seelânske Chathameilannen yn it súdwesten fan 'e Pasifyske Oseaan libbe. Nei alle gedachten stoar de ein yn 'e 16e iuw troch de jacht fan minsken út.

Chathamein

Skedel fan 'e Chathamein
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai einen (Anas)
soarte
† Anas chathamica
Oliver, 1955
IUCN-status: útstoarn (16e iuw)
ferspriedingsgebiet

De soarte waard earder yn it monotypyske skaai Pachyanas yndield. Neffens in analyse fan mitogondriaal DNA fan in subfossyl koe oantoand wurde dat de Chathamein yn it skaai einen (Anas) thúshearde. Fan 'e noch libjende fûgels hiene se de measte sibskip mei de Nij-Seelânske Aucklandtsjilling, de Campelltsjilling en de brune tsjilling.

De Chathamein waard mei help fan bonken út 'e samling fan it Canterbury Museum yn Christchurch yn 1955 troch Walter Oliver yn 'e twadde edysje fan New Zealand Birds as in stevich boude ein beskreaun. Guon skriuwers ha suggerearre dat de fûgel net fleane koe, mar yn ferlikening mei oare einesoarten wiene de bonken fan 'e wjukken fan 'e soarte net bot redusearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dit artikel is foar in grut part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar boarnen en oare ferwizings op en:Anas chathamica