Yslânske rinkelein

De Yslânske rinkelein (Bucephala islandica) is in einesoarte fan it skaai rinkeleinen út 'e famylje fan 'e einfûgels (Anatinae). Oare einen yn it skaai binne de yn Europa en Aazje foarkommende gewoane rinkelein (Bucephala clangula) en de Noard-Amerikaanske buffelkopein (Bucephala albeola). Sa wol yn it uterlik as de libbenswize binne der tusken de soarten net grutte ferskillen. De Yslânske rinkelein komt yn it noarden oant de Arktyske sône foar yn Noard-Amearika en Yslân.

Yslânske rinkelein

jerkje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai rinkeleinen (Bucephala)
soarte
Bucephala islandica
Gmelin, 1789
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     stânfûgel

     wintergast


 
Pearke Yslânske rinkelein.

Yslânske rinkeleinen binne 40 oant 48 sm lang en hawwe in spanwiidte fan 62 oant 77 sm. Alles byinoar nommen ferskilt de soarte net in soad fan 'e Euraziatyske rinkelein. Sa yn it fjild binne de soarten net fan inoar te ûnderskieden. As de jerkjes fol yn 'e kleur sitte ha se ovale, fiolet-poarper glânzgjende kop (dy't by gewoane rinkeleine grien is). De snaffel is koart en de foar mantsjes yn 'e pronkfearren karakteristike wite flek tusken de snaffel en eagen is yn ferlikening mei de mantsjes fan 'e gewoane rinkelein nei boppe ta grutter en einiget heger as it each yn it punt.

De wyfkes hawwe in brune kop en in griis bealchje. Yn it pronkkleed is de snaffel swart, bûten de briedtiid wurdt de snaffel oranjekleurich.

Fersprieding

bewurkje seksje

De grutste populaasjes binne yn 'e kustgebieten fan it noardwestlike diel fan Noard-Amearika fan Oregon oant Alaska. In oar diel libbet op it Labrador-skiereilân yn it noardeasten fan Kanada. De Yslânske rinkelein briedt boppedat yn it súdwesten fan Grienlân en op Yslân. Se binne te finen op marren, plassen en rivieren yn iepen en boskeftich gebiet en komme oant op in hichte fan 3.000 m yn 'e Rocky Mountains foar.

De einen oerwinterje fral yn 'e lijte fan 'e kustgebieten tichteby de plakken dêr't se briede, mar ek op marren en rivieren yn it binnenlân. Yn Europa is de soarte in seldsume dwaalgast en dan it meast yn Grut-Brittanje en Noarwegen.

 
De Yslânske rinkelein yn 'e flecht.

It grutste part (70-80%) fan it iten bestiet út kreeften en wetterynsekten. Dêrnjonken ite se ek fiskjes, wetterplanten, algen en sied.

 
Wyfke mei piken.

De fûgels meitsje foar de bou fan in nêst in soad gebrûk fan beamholtes, mar op Yslân brûke se ek skuorren yn lavafjilden. It nêst wurdt mei dûns ôfset. Ein maaie oant begjin juny begjinne de wyfkes mei it lizzen fan aaien. In lechsel bestiet yn 'e regel út 10 oant 14 blaugriene aaien en nei likernôch 30 dagen komme se út. De earste dagen helpt it wyfke de pykjes noch, mar al gau fine se harren iten selsstannich. Nei 55 oant 65 dagen kinne se fleane. De fûgels begjinne net earder te brieden as se twa jier binne.

De wrâldpopulaasje fan 'e Yslânske rinkelein wurdt op 175.000 oant 200.000 fûgels (2020) rûsd. De Europeeske populaasje fan 'e Yslânske rinkelein wurdt op 800 oant 900 pearkes (2015) rûsd. De populaasje is stabyl en dêrom wurdt de soarte neffens IUCN net bedrige.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Moschusente