Kasarka
De kasarka (Tadorna ferruginea) is in oranjebrune einfûgel. De fûgel komt briedt yn it noardeasten fan Afrika, Súdeast-Europa, Sintraal Aazje en Súdwest-Sina en oerwinteret yn Yndia en Súdeast-Aazje.
kasarka | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Jerke Sijke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Tadorna Ferruginea | ||||||||||||
(Pallas, 1764) | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel simmerfûgel wintergast |
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe fûgel hat in lingte fan 58 oant 70 sm en in spanwiidte fan 110 oant 135 sm. De kasarka is grutter as in ein en lytser as de measte guozzesoarten. De kasarka liket wat grutte oanbelanget in soad op 'e berchein, dy't feitlik gjin echte ein mar in healgoes is. It fearrekleed fan 'e jerke en it sijke is by beide helder oranjebrûn. It kopke fan it sijke is wat ljochter, mear kanielkleurich. De jerke hat simmerdeis boppedat in swarte halsring. De snaffel is swart de poaten binne swarteftich. De eagen fan 'e kasarka binne donkerbrún.
Iten
bewurkje seksjeKasarka's ite fral planten en gerskje op fjild en greidelân, dat somtiden hiel fier fan it wetter ôf leit. Yn ûndjip wetter itw se ek wetterplanten. Dêrnjonken ite kasarka's lytse skaaldieren, wjirms en ynsekten en somtidens sels fiskjes of amfibiën.
Nêst
bewurkje seksjeDe kasarka is in monogame ein. Yn it twadde jier wurde pearkes foarme. Se brieden yn steppegebieten, oan 'e iggen fan marren, sâlte sompen en rivieren, somtiden ek yn hoalen op keale berchhellingen fier fan it wetter. It nêst kin ek yn holle beammen of yn begroeiïng tichteby wetter lizze. Ek nêstkasten foar rôffûgels wurde troch de kasarka brûkt om te brieden. Der wurde 6 oant 12 aaien lein en nei likernôch 29 dagen útbret. Jonge fûgels lykje in soad op it folwoeksen sijke, mar hawwe fakentiden in grize foarfleugel yn stee fan in witenien.
Fersprieding
bewurkje seksjeDe fûgel komt oarspronklik yn Súdeast-Europa om de Swarte See hinne foar oant Midden-Aazje en Noardwest-Afrika en gebieten oan 'e Nyl oant yn Etioopje.
Yn Europa binne wylde populaasjes, mar dat giet yn 'e regel om fûgels dy't út finzenskip ôfkomstich binne. Sa is de kasarka ek yn Nederlân al in skoft in briedfûgel, mar it tal briedpearkes is mar lyts. Winterdeis wiene der wat mear, mar it bleaune lytse oantallen. Sûnt de jierren 1990 is der yn Nederlân simmerdeis in taname fan 'e ferfearrende kasarka's. Ynearsten fral yn 'e Iemmar en letter ek by De Kreupel, de Ventjagersplaten en yn 'e Lauwersmar. It oantal groeide yn 'e simmer fan 2018 nei goed 2000 kasarka's. De fûgels komme healwei juny en binne tsjin it ein fan augustus wer fuort.
Ut ûndersyk hat blieken dien dat de measte fûgels út Nederlân dan nei Súd-Dútslân en fral Switserlân fleane om dêr te oerwinterjen.[1] De fûgel wurdt yn West-Europa as eksoat beskôge om 't de measte kasarka's út finzenskip ôfkomstich binne of dêr neiteam fan is. Yn Switserlân is de fûgel yntusken aardich ynboargere, itjinge net sûnder problemen is foar de ynhiemske fûgels. Yn 'e briedtiid is de kasarka nammentlik tige agressyf en dan ferdriuwt er alle oare einen út syn territoarium. Yn guon kantons wurdt der dan ek op de fûgel jage of wurde de aaien trochprikt.[2]
Yn 2015 waard de hiele populaasje yn 'e wrâld op sa'n 170.000 oant 220.000 fûgels rûsd. Of it goed of net goed giet mei de fûgel is net bekend. Yn it súdeasten fan Europa foarmet de jacht in bedriging foar de fûgel. Dêrnjonken kinne lânboukundige feroarings of de taname fan de ynfloed fan minsken op it leefgebiet syn biotoop ferniele. De fûgel hat lykwols in grut leefgebiet en der is gjin sprake fan in fluch tebekrinnen fan de soarte. Dêrom stiet de fûgel net op de Reade Lust fan 'e IUCN.
Kasarka's wurde faak tegearre mei Nylguozzen sjoen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Halsbandgans
|