Peter Simon Pallas

Peter Simon Pallas (Berlyn, 22 septimber 1741 – dêre, 8 septimber 1811) wie in foaroansteand Prusysk wittenskipper, dy't in grutte bydrage levere oan ferskate tûken fan 'e biology, wêrûnder de botany en de taksonomy, mar ek de ornitology, de mammalogy en de arachnology. Yn syn jonkheid wied er ferbûn oan 'e Universiteit fan Leien, mar letter libbe en wurke er tsientallen jierren yn Ruslân. Dêr ûndernaam er ferskate ûntdekkingsreizen wêrby't er in grut tal bistesoarten 'ûntdiek' dy't doedestiden nij wiene foar de Westerske wittenskip.

Peter Simon Pallas
persoanlike bysûnderheden
echte namme Peter Simon Pallas
nasjonaliteit Prusysk
Russysk
berne 22 septimber 1741
berteplak Berlyn (Prusen)
stoarn 8 septimber 1811
stjerplak Berlyn (Prusen)
etnisiteit Dútsk
wurkpaad
berop/amt biolooch, antropolooch
aktyf as soölooch, botanikus, publisist,
arachnolooch, ornitolooch,
mammalooch, ûntdekkingsreizger
jierren aktyf 17601811
bekendste
  wurk(en)
Spicilegia Zoologica
Reise durch Verschiedene
   Provinzen des Russischen
   Reichs

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Pallas waard yn 1741 yn in begoedige fermidden berne yn 'e Prusyske haadstêd Berlyn, as de soan fan Simon Pallas, in medikus en heechlearaar sirurgy. Yn 't earstoan genoat er ûnderwiis fan priveelearaars, wêrby't al rillegau syn belangstelling foar natoerhistoaryske ûnderwerpen oan it ljocht kaam. Letter folge er kolleezjes oan 'e Universiteit fan Halle en doe oan 'e Universiteit fan Göttingen, foar't er yn 1760, mei njoggentjin jier, ôfstudearre oan 'e Universiteit fan Leien.

Neitiid reizge Pallas rûnom yn 'e Republyk fan de Feriene Provinsjes om, sette doe ôf nei Londen, dêr't er syn medyske feardichheden ferbettere, en fêstige him dêrnei yn De Haach. Dêr ûntjoech er in nij systeem foar de klassifikaasje fan bisten, dat letter priizge wurde soe troch de grutte Frânske biolooch Georges Cuvier. Yn 1766 skreau Pallas syn Miscellanea Zoologica, dat omskriuwings fan ferskate wringedieren omfette dy't er yn 'e kolleksjes fan Nederlânske museä ûntdutsen hie, mar dy't nij wiene foar de wittenskip. In plande reis nei de Kaapkoloanje en Nederlânsk-Ynje gie lykwols net troch doe't syn heit him datselde jiers noch weromrôp nei Berlyn. Dêr begûn er te wurkjen oan ien fan syn meast ferneamde publikaasjes, Spicilegia Zoologica, dat tusken 1767 en 1780 yn ferskate dielen útkaam.

Yn 1767 waard er troch keizerinne Katarina de Grutte útnûge om heechlearaar te wurden oan 'e Akademy fan Wittenskippen fan Sint-Petersburch, in oanbod dêr't Pallas grif op yngie. Tusken 1768 en 1774 late er in ekspedysje troch de Middenrussyske provinsjes, de Wolgaregio, it kustgebiet fan 'e Kaspyske See, de Oeral, West-Sibearje, it Altai-berchtme en oan 'e Baikalmar ta, wêrby't er natoerhistoaryske eksimplaren foar de akademy ynsloech. Underweis stjoerde Pallas geregeldwei ferslaggen werom nei Sint-Petersburch, dy't sammele en tusken 1771 en 1776 yn trije dielen publisearre waarden as Reise durch Verschiedene Provinzen des Russischen Reichs. Dêryn beheinde Pallas him net ta de biology, mar bejoech er him ek op oare mêden fan 'e wittenskip. Sa beskreau er yngeand de geografy, geology en mineralogy fan it terrein dêr't er trochhinne kaam, en foege er ek wiidweidige antropologyske beskriuwings ta fan 'e lânseigen folken en harren kultueren en godstsjinsten.

 
Pallas syn bûtenpleats by Simferopol, no in botanyske tún.

Yn 1774 sette Pallas him nei wenjen yn Sint-Petersburch, dêr't er oan it Russyske Keizerlik Hof in favoryt fan Katarina de Grutte waard. Hy naam de rol fan priveelearaar op him foar de jonge aartshartoggen Aleksander (de lettere tsaar Aleksander I) en Konstantyn, de soannen fan Katarina har erfgenamt Paul. Yn Sint-Petersburch brocht men Pallas planten dy't troch oare botanisy yn alle úthoeken fan it Russyske Ryk sammele wiene, en dêrút stalde er syn Flora Rossica gear, dy't in stikmannich dielen publisearre waard tusken 1784 en 1815. Teffens begûn er it wurk oan 'e Zoographica Rosso-Asiatica (1811-1831), wêryn't it dierte fan Sibearje beskreaun waard. Dêrnjonken publisearre er ek in ferslach fan 'e reizen fan Johann Anton Güldenstädt troch de Kaukasus. De keizerinne kocht syn omfangrike partikuliere natoerhistoaryske kolleksje fan 2.000 roebel, 500 mear as syn fraachpriis, en stie him ta om it spul oan syn dea ta te behâlden.

Fan 1793 oant 1794 late Pallas in twadde ekspedysje troch súdlik Ruslân, wêrby't û.m. op 'e nij de Wolgaregio en de kust fan 'e Kaspyske See oandien waarden, mar diskear ek de Kaukasus, de Krim en de kust fan 'e Swarte See. Dêrby waard er beselskippe troch syn dochter út syn earste houlik (syn frou wie yn 1782 stoarn), syn nije frou, in tekener, in kloft tsjinstfolk en in militêre eskorte. Op 'e Krim oerwintere it selskip yn Simferopol, wêrnei't se it oare jiers fia de Dnjepr wer nei Sint-Petersburch weromkearden. Pallas publisearre syn wiidweidich optekene ûnderfinings oer dizze reis tusken 1799 en 1801 ûnder de titel Bemerkungen auf einer Reise in die Südlichen Statthalterschaften des Rußischen Reichs in den Jahren 1793 und 1794.

 
It grêf fan Pallas op in begraafplak yn 'e Berlynske wyk Kreuzberg.

Katarina de Grutte skonk Pallas in bûtenpleats mei grutte lânerijen by Simferopol, dêr't er him neitiid nei wenjen sette. Hy bleau dêr oant it ferstjerren fan syn twadde frou, yn 1810. Doe krige er fan tsaar Aleksander tastimming om Ruslân te ferlitten, en kearde er werom nei Berlyn, dêr't er in jier letter, yn 1811, yn 'e âlderdom fan krekt gjin 70 jier stoar.

  • 1760 – Dissertatio Inauguralis de Infestis Viventibus Infra Viventia
  • 1766 – Elenchus Zoophytorum
  • 1766 – Miscellanea zoologica
  • 1767-1780 – Spicilegia Zoologica
  • 1768 – Lyst der Plant-Dieren
  • 1768 – De Ossibus Sibiriae Fossilibus
  • 1769-1778 – Naturgeschichte Merkwürdiger Thiere
  • 1770 – Dierkundig Mengelwerk
  • 1771-1801 – Reise durch Verschiedene Provinzen des Russischen Reichs
  • 1773-1777– Merkwürdigkeiten der Morduanen, Kasaken, Kalmücken, Kirgisen, Baschkiren etc.
  • 1773-1788 – Putešestvije po Raznym Provincijam Rossijskogo Gosudarstva
  • 1774-1788 – Flora Rossica
  • 1776-1801 – Sammlungen Historischer Nachrichten über die Mongolischen Völkerschaften
  • 1777 – Observations sur la Formation des Montagnes et sur les Changements Arrivés au Globe, Particulièrement à l’Empire de Russie
  • 1778 – Novae Species Quadrupedum e Glirium Ordine
  • 1780 – Mémoires sur la Variation des Animaux
  • 1781 – Katalog Rastenijam
  • 1781-1806 – Icones Insectorum Praesertim Rossiae Sibiriaeque Peculiarium
  • 1786 – Opisanije Rastenij Rossijskogo Gosudarstva, s Ich Izobraženijami
  • 1787-1789 – Sravniteľnyje Slovari Vsech Jazykov i Narechij
  • 1792 – Tableau Physique et Topographique de la Tauride
  • 1795 – Kratkoje Fizičeskoje i Topografičeskoje Opisanije Tavričeskoj Oblasti
  • 1799-1801 – Bemerkungen auf einer Reise in die Südlichen Statthalterschaften des Rußischen Reichs in den Jahren 1793 und 1794
  • 1800 – Species Astragalorum Descriptae et Iconibus Coloratis Illustratae
  • 1802 – Travels through the Southern Povinces of the Russian Empire
  • 1803 – Illustrationes Plantarum Imperfecte Vel Nondum Cognitarum
  • 1811 – Zoographia Rosso-Asiatica

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.