De bûnte seachbek (Mergus serrator) is in fûgel út 'e famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). De fûgel waard foar it earst offisjeel yn 1758 troch de Sweedske biolooch Carolus Linnaeus beskreaun yn 'e tsiende edysje fan syn Systema Naturae ûnder de binomiale namme Mergus serrator. It skaai Mergus is in Latynsk wurd, dat troch Romeinske skriuwers brûkt waard om te ferwizen nei in net-spesifike wetterfûgel. De namme serrator is Latyn foar seager, itjinge ferwiist nei de tosken wêrmei 't de bûnte seachbek glêde fiskjes goed snippe kin.

bûnte seachbek

jerk

wyfke

Lûdsfragmint.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Ansariformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai seachbekken (Mergus)
soarte
Mergus serrator
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     simmerfûgel
     stânfûgel

     wintergast


De soarte is monotypysk, dat wol sizze dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.

 
Pearke bûnte seachbekken.

Bûnte seachbekken binne 52 oant 58 sm lang en ha in spanwiidte fan 67 oant 82 sm. De fûgel hat in pikerige toef en in lange, tinne reade snaffel mei rânen dêr't lytse toskjes op sitte. In folwoeksen jerk hat in donkerblauwe oant swarte kop mei in griene glâns en reade eachjes, in wite hals mei in roestbrún boarst. It jerkje is swart op 'e rêch en wyt fan ûnder.

In folwoeksen wyfke hat in oranjebrune kop, oranje eachjes en in griiseftich bealchje.

Juvenilen ha in soad fan 'e wyfkes, mar misse de wite kraach en ha minder wyt op 'e wjukken. De bûnte seachbek is wat lytser as de grutte seachbek. Fierder ferskilt it folwoeksen jerkje mei it jerkje fan 'e grutte seachbek troch de pikerige toef en it brune boarst. De grutte seachbek hat in folslein wyt boarst en net sa'n toef.

De ein yt benammen lytse fiskjes, wetterynsekten, skaaldierkes en amfibyen.

Fersprieding

bewurkje seksje
 
Fleanende bûnte seachbek.

Bûnte seachbekken briede yn swietwettermarren en rivieren yn noardlik Noard-Amearika, Grienlân, Europa en Aazje. Se hawwe it nêst op smoute plakken op 'e grûn by wetter. It is in trekfûgel dy't oan 'e kusten súd fan it briedgebiet oerwinteret. Oant 1977 wie de bûnte seachbek yn Nederlân in ûnregelmjittige briedfûgel. Hjoed-de-dei wurdt de briedpopulaasje op 40 oant 60 pearkes rûsd (2023). It tal fûgels dat oerwinteret is heger en wurdt tusken 4.500 en 7.500 rûsd, wylst 4.500 oant 7.500 yn novimber en maart trochtsjen. De oantallen binne yn 'e jierren 1980 en 1990 foars tanommen. De measte kâns om winterdeis bûnte seachbekken te sjen is yn it westlike Waadgebiet en Grevelingen tusken Seelân en Súd-Hollân. Briedgefallen komme foar yn it Siuwske Deltagebiet en in pear yn it Waadgebiet.

De fûgel wurdt op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre. De wrâldpopulaasje is stabyl en wurdt op 495.000 oant 605.000 fûgels rûsd. De Europeeske populaasje wurdt op 140.000 oant 240.000 fûgels rûsd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Red-breasted merganser