De toendrawink (Anser serrirostris) is in middelgrutte goes, dy't yn it noarden fan Ruslân en Skandinaavje briedt. Sûnt 2007 wurdt de goes as in aparte soarte behannele. De toendrawink wurdt troch guon autoriteiten lykwols noch as in ûndersoarte (Anser fabalis serrirostris) fan 'e taigawink (Anser fabalis s.l.) sjoen. It is in trekfûgel, dy't yn West-Europa, Sintraal-Europa en East-Aazje oerwinteret.

Toendrawink
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Ansariformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai guozzen (Anser)
soarte
Anser serrirostris
Gould, 1852
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     wintergast

Beschrijving

bewurkje seksje
 
Toendrawinken yn Sweden.

De toendrawink is 68 oant 90 sm lang, hat in spanwiidte fan 140 oant 174 sm en weecht 1,7 oant 4 kg. De snaffel is swart oan 'e basis en de ein mei in oranje bân oer de midden. Syn poaten binne oranje.

De boppedekfearren binne donkerbrún, lykas by de blesgoes (Anser albifrons), mar hy ferskilt fan 'e soarte troch de smelle wite rânen oan 'e fearren.

Oer de fylogenetyske yndieling bestiet noch jimmeroan gjin ienriedigens. Der wurde ynearsten noch twa ûndersoarten ûnderskieden:

De earste toendrawinken ferskine yn oktober en by sêfte winters fertrekke de measten wer yn febrewaris en oars yn maart. De oantallen hingje ôf fan 'e kjeld yn it noarden. Se meie graach op boulân wêze, dêr't yn 'e regel noch wol resten fan 'e rispinge lizze.

Tusken 1960 en 1978 groeiden de oantallen fan in hantsjefol nei trochstrings 30.000 fûgels yn 'e winter fan 1978-1979. Nei 1995 giene de oantallen op 'e nij omheech, fral yn it noarden fan it lân. It hichtepunt wie yn 2013, mar ôfhinklik fan 'e waarsomstannichheden kinne yn Nederlân wol 300.000 fan 'e soarte oerwinterje. De grutste konsintraasjes fan 'e toendrawink binne yn Grinslân, Drinte, súdeast Fryslân en it súdeasten fan Nederlân.

Briedgefallen komme selden yn Nederlân foar en yn 'e regel giet it dan om fûgels dy't fanwegen ûngemak net mear trekke kinne of dy't út finzenskip útpykten.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dit artikel is foar in grut part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar boarnen en oare ferwizings op en:Brazilian merganser

  1. 1,0 1,1 (in) Delacour, J. (1951). Taxonomic Notes on the Bean Geese, Anser fabalis Lath. Ardea, 39: 135-142.
  2. [https://www.worldbirdnames.org/bow/waterfowl/ Frank Gill, David Donsker (2019): Screamers, ducks, geese, swans.
  3. SOVON, oproppen 13 july 2024