Amerikaanske swarte ein

De swarte ein (Anas rubripes) is in ein út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). De swarte ein libbet yn it easten fan Noard-Amearika.

swarte ein

taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai einen (Anas)
soarte
Anas rubripes
Brewster, 1902
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     stânfûgel
     wintergast
 
Ferskil tusken de swarte en de wylde ein.

De swarte ein is likernôch like grut as de wylde ein (Anas platyrhynchos). Ek de wyfkes fan 'e twa soarten lykje op inoar, al binne se wat donkerder. De einen binne 48 oant 63 sm lang en hawwe in spanwiidte fan likernôch 88 oant 96 sm. Se binne 720 oant 1640 gram swier.

Der is net in soad ferskil tusken jerkjes en wyfkes. Allinne de snaffel jout dúdlik ûnderskied. Dy is by jerkjes giel en by wyfkes grieneftich.

Fersprieding

bewurkje seksje

Swarte einen libje op marren, dobben, rivieren, yn sompen, oan rânen fan brakke wettergebieten fan 'e mûning fan rivieren en dridzich lân yn it noarden fan Saskatchewan, Manitoba, Ontario, Quebec en de oare Kanadeeske provinsjes oan 'e Atlantyske kust en it gebiet om 'e Grutte Marren fan 'e Feriene Steaten hinne. De swarte ein krúst noch alris mei de wylde ein en dêrtroch wurdt de populaasje swarte einen jimmeroan lytser en nimt it tal krusings ta.

 
Nêst mei einepiken fan 'e swarte ein

De balts fynt fan febrewaris oant maart plak. De populaasje hat in heech oandiel jerkjes, sadat yn it earste jier in soad jerkjes net ta pearen komt. Oer it algemien bliuwe pearkes langer by inoar as by de wylde ein. It nêst wurdt troch it wyfke boud, dat net folle foarsteld en faak net mear as in mei fearkes beklaaide kûle is. Under it brieden wurdt it nêst mei dûns ôfset en as it wyfke it nêst ferlit bestoppet se de oant 11 krêmwite aaien mei dûns. Allinne it wyfke briedt en de aaien komme nei 23 oant 25 dagen út. It ferlies fan lechsels is by de swarte ein tige heech. Yn 'e Chesapeake Bay wurde bygelyks mar 38% fan 'e lechsels piken útbret. Predatoaren dy't faak aaien frette en wyfkes deadzje binne rôffûgels, foksen en waskbearen. Nei it ferlies fan in lechsel besiket in wat âldere swarte ein op 'e nij aaien út te brieden, oant wol trije kear ta.

De populaasje waard yn 2020 op 700.000 folwoeksen yndividuën rûsd. De IUCN hat de ein op de Reade list as net bedrige opnommen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Dunkelente