Balts
Balts is in algemiene term foar in spesjaal soarte fan hâlden en dragen by bisten, dat bedoeld is om partners fan it oare geslacht oan te lûken mei it each op 'e fuortplanting. Sok hâlden en dragen moat nammentlik mooglike partners oerhelje ta in pearing. Faak wurdt hjirby mei lichaamlike skaaimerken pronke, wurde der karakteristike bewegings makke en/of wurde der spesjale lûden fuortbrocht. Dat mei-inoar wurdt ek wol in pearingsdûns neamd. Los dêrfan kin baltsgedrach ek dingen omfiemje as it oanbieden fan fretten, it saneamde baltsfuorjen. Fral by fûgels is de balts faak sterk ûntwikkele.
Yn 'e regel binne it de mantsjes dy't mei de balts úteinsette. In baltsproses dat inisjearre wurdt troch it wyfke bestiet ek, mar is folle seldsumer. By guon fûgelsoarten is it wyfke inkeld in taskôger, dy't op basis fan 'e ynset en it talint fan it mantsje al of net oerhelle wurdt ta in pearing. In goed foarbyld dêrfan is de seisplommige paradysfûgel (Parotia lawesii), wêrby't it mantsje in ritualisearre 'balletfoarstelling' opfierd mei syn unike boarst- en efterkopsfearren dy't bedoeld binne om it gesichtsfermogen fan it wyfke te stimulearjen. By oare soarten is it wyfke in aktive dielnimmer oan 'e balts, en ûntstiet der in dûns mei twa partners, lykas by de earrebarre en de albatrossen. By guon soarten begjinne mantsjes de balts pas nei't se it wyfke al besprongen hawwe. It komt dan sels foar dat de balts noch trochgiet nei't de pearing al foltôge is. Dat ferskynsel, de saneamde kopulatoire balts, komt foar by frijwat ynsektesoarten.
De balts fergruttet de reewilligens om te pearjen trochdat ûnder de balts de seksualiteit fan 'e partners stimulearre wurdt. Tagelyk ferminderet it proses de agresje tusken de partners. Baltsgedrach is almeast opboud út in miks fan eleminten út it 'gewoane' fuortplantingsgedrach en ûnderdielen út it fjocht- of flechtgedrach. By guon soarten keare de eksimplaren altyd werom op itselde plak om te baltsen. Sa'n plak wurdt in lek (útspr.: 'leek') neamd, nei it Sweedske wurd foar boartersplak. Der besteane in soad ferskillende bistesoarten (fral fûgel- en ynsektesoarten) dy't yn teory mei-inoar pearje kinne soene en ek nochris sûne (mar faak sterile) jongen krije kinne soene. Dat soks mar selden foarkomt, is it gefolch fan it feit dat bisten net reägearje op it baltsgedrach fan eksimplaren fan in oare soarte.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |