De kaapske kasarka of griiskopkasarka (Tadorna cana; Afrikaansk: kopereend) is in algemien foarkommende stânfûgel yn Súd-Afrika en Namybje. De fûgel is endemysk yn it gebiet.

Kaapske kasarka

Jerk

Sijke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai bercheinen (Tadorna)
soarte
Tadorna cana
(Gmelin, 1789)
IUCN-status: net bedrige

Beskriuwing bewurkje seksje

De kaapske kasarka is in grutte fûgel en in folwoeksen eksimplaar hat in trochsnit lingte fan 64 sm. De ein hat in soad fan in gewoane kasarka, is koperkleurich (dêrfandinne ek de Afrikaanske namme kopereend) en hat in swarte snaffel en swarte poatsjes. Tusken mantsjes en wyfkes is net in soad ferskil. Jerken binne grutter as sijkes en de jerk hat in grize kop en it sijke in wyt en grize kop (de Dútske namme Graukopfkasarka ferwiist nei dy grize kop).

Nêst bewurkje seksje

 
Aaien

De fûgels begjinne ôfhinklik fan de reintiid en it oanbod fan iten te brieden. Sy hawwe dan in grut territoarium en ferdigenje dat fûl. Der wurde 10 oant 14 aaien yn holtes lein. Sokke holtes binne faak troch ierdbargen makke. Hiel faak lizze de nêsten in ein fan it wetter. Nei 30 dagen komme de aaien út. Jonge fûgels binne yn it twadde jier geslachtsryp . Nei't de jongen grutbrocht binne foarmje kaapske kasarka groepen.

Fersprieding bewurkje seksje

De kaapske kasarka briedt yn súdlik Afrika, mar de sintra fan syn leefgebiet binne Súd-Afrika en Namybje. As it winter wurdt yn Súd-Afrika lûkt in grut part fan de populaasje yn noardeastlike rjochting om dêr te ferfearjen. Likernôch 75% fan de hiele populaasje komt yn dy tiid op in pear marren en rivieren tegearre. It tal fûgels fan 'e soarte wurdt op likernôch 42.000 eksimplaren rûsd.

De kaapske kasarka libbet op grutte marren en rivieren. Se profitearje ek fan de foar it boerelân oanleine opslachmarren.

Europa bewurkje seksje

Oant 1940 waarden kaapske kasarka's selden troch dieretunen ymportearre. De fûgels yn Europa stamme foar it measte út de ymport fan 'e jierren 1960. De kaapske kasarka's binne ynfâldich te hâlden en wurde as de sterkste fan 'e Tadorna beskôge. Se binne lykwols tige agressyf, sadat se meast yn yndividuele ûnderkommens holden wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Halsbandgans


  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kaapske kasarka fan Wikimedia Commons.