Amazônetsjilling

De Amazônetsjilling (Amazonetta brasiliensis) is in fûgelsoarte út de famylje einfûgels (Anatidae).

Amazônetsjilling

Jerkje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai Amazônetsjillings (Amazonetta)
soarte
Amazonetta brasiliensis
Gmelin, 1789
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Amazônetsjillings hawwe in lingte oant 40 sm en wurde oant 600 gram swier.

Tusken jerkjes en wyfkes fan 'e Amazônetsjilling besteane in pear opfallende ferskillen. Jerkjes hawwe in reade snaffel, reade poaten en hawwe in helder grize kop en hals. Wyfkes hawwe yn it gesicht wat wite fearkes en by har ûntbrekt de helder grize tekening oan 'e kop en hals. De snaffel fan 'e wyfkes is griis, de poaten binne ek read, mar matter.

Juvinilen lykje op folwoeksen fûgels, mar binne wat ljochter. As de piken noch yn it dûns sitte, ha se in brune snaffel, in donkerbrune iris en oranjereade poatsjes. It boppebealchje is foar it measte swartbrún, it gesicht en it ûnderbealchje goudgiel oant striegiel. Al nei 28 dagen nei it útkommen kinne de geslachten fan 'e piken bepaald wurde. Dan begjint it snaffeltsje fan it jerkje al read te wurden.

De ûndersoarte Amazonetta brasiliensis ipecutiri is dúdlik grutter as de Amazonetta brasiliensis ipecutiri.

 
 
Jerkje Amazônetsjilling.
Wyfke Amazônetsjilling.

Fersprieding en gedrach

bewurkje seksje

Amazôneeinen libje yn pearkes of yn lytse groepkes oan 'e rânen fan marren, fivers en sompen yn 'e tropyske bosken fan Súd-Amerika eastlik fan 'e Andes. Se ite wetterplanten, dy't se swyljend mei de snaffel en grondeljend út ûndjip wetter fiskje.

 
Pearke Amazônetsjillings.

Se briede it hiele jier troch en bouwe harren nêsten yn 'e begroeiing oan 'e wetterkant of driuwend op it wetter. In nêst hat sa'n 8 oant 12 aaien, dy't nei 23 oant 28 dagen útbret wurde. By Amazônetsjillings briedt allinne it wyfke, mar de jerkjes helpe by it grutbringen fan 'e piken, dy't nei in jier folgroeid binne. Yn it wyld wurde Amazônetsjillings likernôch 10 jier.

Undersoarten

bewurkje seksje

Der binne twa ûndersoarten:

De lytse Amazônetsjilling (A. b. brasiliensis) is de troch Gmelin yn 1789 beskreaune nominaatfoarm. Dy komme yn Brazylje, Suriname, Guyana, Frânsk-Guyana, sintraal Fenezuëla, it easten fan Kolombia en it noardeasten fan Perû foar.

De grutte Amazônetsjilling (A. b. ipecutiri) waard yn 1816 troch Louis Pierre Vieillot beskreaun en libbet yn Brazylje, it noarden fan Argentynje, it easten fan Bolivia, Oerûguay en Paraguay.

De IUCN giet der fan út dat de fûgel net bedrige wurdt. De populaasje en it ferspriedingsgebiet is grut, mar liket ôf te nimmen.

Amazônetsjillings wurde sûnt 1850 yn Europa holden. De earste fok slagge yn 1878 yn 'e dieretún fan Londen en sûnt 1884 yn 'e dieretún fan Berlyn.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: