Rôskopein
De rôskopein (Rhodonessa caryophyllacea) is in grutte dûkein, dy't ea op 'e Gangesflakten fan Yndia, dielen fan Maharashtra, Bangladesj en Birma libbe.
rôskopein | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Rhodonessa caryophyllacea | ||||||||||||
Latham, 1790 | ||||||||||||
IUCN-status: krityk
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De fûgel is mei wissichheid foar it lêst yn it wyld yn juny 1935 troch C.M. Inglis yn it Yndiaaske distrikt Darbhangha yn 'e Yndiaaske steat Bihar sjoen. Sûnt de jierren 1940 ûntbrekt it oan betroubere waarnimmings fan 'e fûgel en is der gjin bewiis mear levere dat de fûgel noch libbet. It is mei in grutte wierskynlikheid dat de soarte útstoarn is. Troch guon mooglike waarnimmingen yn 'e net tagonklike sompen fan Noard-Birma wurdt it bestean fan 'e rôskopein net hielendal útsletten en is de status fan 'e soarte noch krityk.
Taksonomy
bewurkje seksjeDer wurdt wolris twifele oer de yndieling yn it skaai. Guon ha útsteld dat de fûgel tichteby de kroanein (Netta rufina) stiet, oaren setten de fûgel yn in apart skaai.
Beskriuwing
bewurkje seksjeUnyk is de kombinaasje fan 'e rôze kleur fan 'e kop mei syn donkere bealch. Lykas de Yndyske gielpuntsnaffelein (Anas poecilorhyncha) hat de rôskopein in lange nekke en in ûnderskiedende ljochte plak op 'e wjuk.
Jerken en wyfkes binne 41 oant 43 sm lang en ha in lange snaffel, in lange nekke en in spitsfoarmige kop. It jerkje hat in rôze snaffel, kop en nekke, wylst it wyfke in fealere kop en nekke hat mei in blekere snaffel. It swart fan 'e bealch fan 'e ein giet oan 'e foarkant fan 'e nekke yn in smelle stripe fierder oant de snaffel.
Wyfkes lykje yn 'e flecht in soad op 'e Yndyske gielpuntsnaffelein en binne by goed sicht dan allinne troch saakkundige waarnimmers oan 'e boppekant fan 'e wjukken fan inoar te ûnderskieden. De wjukken fan 'e rôskopein ha opfallende wite grutte dekfearren en bêzjerôze sekundêre slachpinnen. De sekundêre slachpinnen fan 'e Yndyske gielpuntsnaffelein ha in donkergriene spegel.
Jonge fûgels ha in wyteftige kop sûnder rôze.
Nêst
bewurkje seksjeIt briedgebiet fan 'e ein foarmje de sompen en puollen yn it leechlân fan wyldernissen mei heech gers. It nêst wurdt yn gers boud en in lechsel bestiet út seis of sân aaien. De aaien fan 'e fûgel binne ek bysûnder, om't se hast bolfoarmich binne. Der wurdt oannommen dat it stânfûgels binne, dy't allinne yn pearkes libje of yn lytse groepkes. Ek wurdt der fan út gien dat rôzkopeinen wetterplannen en weakdieren ite.
Status
bewurkje seksjeRôskopeinen ha altiten seldsume fûgels west en de lêste wisse waarnimming wie yn it Darbhanga distrikt yn 'e Yndiaaske dielsteat Bihar. Yn 'e rin fan 'e tiid ha der ûnbefêstige waarnimmings west yn 'e sompen fan 'e rivieren Mali en Chindwin yn it noard fan Birma. Dat gebiet is noch foar in grut part net ûndersocht troch wittenskippers, mar ekspedysjes leveren oant no ta gjin bewiis. Waarnimmings binne faak it gefolch fan ferwikseling mei de kroanein of de Yndyske gielsnaffelpuntein.
In ekspedysje yn 'e isolearre Hukawng-delling yn novimber 2003 konkludearre dat de mooglikheid fan it bestean fan 'e ein yn 'e noardlike Birmeeske steat Kachin net útsletten wurde koe. Dêr binne noch grutte en ûntrochlitbere sompegebieten, dy't seldsume fûgels in taflecht biede. Dêr komt û.o. ek de tige seldsume wytwjukboskein (Asarcornis scutulata) foar, ien fan 'e meast bedrige einesoarten fan 'e wrâld. Yn 2005 waard in grutte ekspedysje bylâns de rivier Nat Kaung tusken Kamaing en Shadusup op tou set, mar rôzkopeinen waarden net sjoen.
In ekspedysje fan it Global Wildlife Conservation yn 2017 slagge likemin yn it finen fan 'e fûgel. Wol waard fêststeld dat de biodiversiteit om de Indawgyi-mar en omkriten slim te lijen hie fan 'e degradaasje fan it leefgebiet. Ferhalen fan bewenners leveren it fermoeden op dat de rôzkopein noch folle langer libbe hat, dan de lêste befêstige waarnimming dêr út 1910, mooglik sels noch oant 2010. In bewenner ferklearre dat der yn 1998 noch in rôzkopein yn in kloft easteinen en pylksturten sjoen wie. In oar, twifeleftich berjocht stelde dat fuort nei de mislearre ekspedysje fan Birdlife International in lokale jager in pear rôzkopeinen libben fong hie en dêrnei kontakt opnaam mei de Birmeeske Biodiversity and Nature Conservation Association om se oan dy organisaasje te ferkeapen. De organisaasje wegere de einen te keapjen en de jager hat se doe ôfmakke. In oare jager wist te fertellen dat doe't it gebiet noch net degradearre wie, de rôzkopein dêr regelmjittich te sjen wie, mooglik noch oant 2014. Se wiene dêr it meast yn febrewaris en hy koe ek de rop fan 'e ein neidwaan, alhoewol't it net wis is of dy rop wol echt fan 'e rôzkopein is. De jager sei ek dat yn 'e midden fan it gebiet noch grutte, ûntrochgonklike sompen wiene, dêr't de fûgel noch libje kin. Dy gebieten binne lykwols allinne tagonklik mei in drone, dy't yn it gebiet ferbean is.
Nei alle gedachten is de fûgel troch de ferneatiging fan it leefgebiet ferdwûn. Yn 'e koloniale tiid waard boppedat yn Yndia in hiel soad jage. Lykas de measte dûkeinen wie it fleis fan 'e fûgel net goed te iten, mar fanwegen syn kleuren wie de fûgel wol in populêre sierfûgel. De lêst bekende fûgels libben yn in pear Europeeske fûgelhokken yn Frankryk en Ingelân yn finzenskip. Fan dy einen binne de iennige bekende foto's fan libbene rôzkopeinen makke, lykas in foto fan in pearke út 1925 dy't troch de soölooch David Seth-Smith makke waard. It is goed mooglik dat it sammeljen fan rôskopeinen troch de Brit David Ezra de soarte de genedeklap jûn hat.[1]
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Sjoch foar boarnen en oare ferwizings op en:Pink-headed duck
|