Smjunten
De smjunten (Mareca) foarmje in skaai mei seis soarten yn 'e famylje fan 'e einfûgels.
smjunten | ||
Jerkje en wyfke fan 'e smjunt. | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
ûnderklasse: | moderne fûgels (Neornithes) | |
tuskenklasse: | nijkakigen (Neognathae) | |
boppeskift: | goes- en hineftigen (Galloanserae) | |
skift: | goeseftigen (Anseriformes) | |
ûnderskift: | echte goeseftigen (Anseres) | |
boppefamylje: | goesfûgels (Anatoidea) | |
famylje: | einfûgels (Anatidae) | |
ûnderfamylje: | echte einfûgels (Anatinae) | |
skaai: | smjunten (Mareca) | |
Skiednis
bewurkje seksjeIt skaai fan 'e smjunten waard yn 1938 ynsteld yn 'e klassifikaasje fan Oliverio Pinto. Under oaren Paul Johnsgaard yn 1965 hat útsteld om de soarten fan it skaai op te nimmen yn it skaai fan 'e einen. Yn 1991 hat Bradley Livezey lykwols nei fierder ûndersyk útsteld it skaai op 'e nij yn te stellen.
Soarten
bewurkje seksjeOfbyld | Wittenskiplike namme |
Fryske namme | Fersprieding |
---|---|---|---|
Mareca strepera | eastein of ropein | Euraazje Sintraal- en Noard-Amearika | |
Mareca falcata | grienkopein | Eastlik Aazje | |
Mareca penelope | smjunt | Euraazje | |
Mareca sibilatrix | Sileenske smjunt | Súdlik Súd-Amearika | |
Mareca americana | Amerikaanske smjunt | Noard- en Midden-Amearika | |
Mareca marecula | Amsterdam smjunt | Om 1800 hinne útstoarn; oarspronklik op it Île Amsterdam. |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Mareca fan Wikimedia Commons. |