Amsterdamsmjunt

(Trochferwiisd fan Amsterdam smjunt)

De Amsterdamsmjunt (Mareca marecula, earder Anas marecula) wie in einesoarte, dy't endemysk wie op it Île Amsterdam fan 'e Frânske Súdlike en Antarktyske Lannen. It wie in wetterfûgel, dy't net fleane koe en nei alle gedachten troch de jacht fan seelju en ymportearre rotten om 1800 hinne útstoar. Yn 1894 besocht in natoerûndersiker it eilân foar it earst, mar doe wie de ein al útstoarn. De fûgel is allinne bekend fan bonken.

Amsterdamsmjunt
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai smjunten (Mareca)
soarte
Mareca marecula
Olson & Jouventin 1996
útstoarn
ferspriedingsgebiet

De earste bonken fan de soarte binne yn 1955-1956 fûn. Doe waard tocht dat de fûgel it meast oan 'e skiertsjilling besibbe wie. Yn 1987 waarden yn grotten bonken fan 'e fûgel fan teminsten 33 yndividuën ûntdutsen. Ut dy fynst die bliken dat it om in hiele lytse einesoarte gie, mei in koarte, puntige snaffel lykas dy fan smjunten. De sterke poatsjes, in redusearre einebok en lytse wjukken binne in oanwizing dat de fûgel net fleane koe. Undersyk fan 'e plasse, wêrút bliken die dat de fûgel mar in bytsje of gjin sâlt wetter dronk, en dat de bonken oant op in hichte fan 500 meter fûn waarden, wize der op dat de fûgel net fuort oan 'e kust libbe. De fûgel krige de namme Anas marecula, nei it smunteskaai Mareca.

By in besite fan 'e ûntdekker John Barrow oan it likernôch 80 km fierder lizzende Île Saint-Paul op 2 febrewaris 1793 rapportearre dy oer it bestean fan in lytse brune ein, dy't net folle grutter as in klyster wie. Op it eilân wiene de fûgels it favorite iten fan 'e fiif seehûnejagers dy't op dat eilân wennen. Om 't it eilân in ein fierder as Île Amsterdam lei, soene dy ek útstoarne eintsjes in aparte soarte fertsjintwurdige ha, dy't te ferlikenjen wie mei de Amsterdamsmjunt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Amsterdam wigeon