Amerikaanske smjunt

De Amerikaanske smjunt (Mareca americana, synonym: Anas americana) is in fûgel út it skaai smjunten, dy't yn Noard-, Midden- en Súd-Amearika libbet.

Amerikaanske smjunt

mantsje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai smjunten (Mareca)
soarte
Mareca americana
Gmelin, 1789
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     simmerfûgel
     stânfûgel
     wintergast

De Amerikaanske smjunt wurdt 45 oant 55 sm lang en hat in spanwiidte fan 75 oant 90 sm. It gewicht fan 'e fûgel leit tusken 600 en 850 gram.

 
Pearke Amerikaanske smjunten.

Jerken hawwe yn 'e pronkfearren in rôze boarst in in swart efterdiel. De romp is readbrún en giet nei de rêch ta oer yn in sulvergrize kleur. De fearren op de rêch binne yn in patroan fan fine weachjes griisbrún, itjinge nei de flanken ta minder wurdt. It ûnderbealchje is helder wyt. De fûgel hat in opfallende wite spegel (speculum), dy't sawol yn 'e rêst as yn 'e flecht te sjen is. De kop is griiseftich mei in griene streek fan it each oant yn 'e nekke en dêre yn swart wite flekken einiget. Tusken de snaffel oant de foarholle is de kop gielich. De sturt bestiet út twa of trije langere fearren. Bûten de briedtiid lykje de jerkjes op de wyfkes.

It wyfke is ljochtbrún en hat in soad fan it wyfke fan 'e wylde ein. Troch de foarm fan it bealchje is de Amerikaanske smjunt wol fan oare soarten te ûnderskieden, útsein de smjunt. De smjunt hat lykwols oars as de Amerikaanske smjunt in wat donkerder kop en in grize ûnderkant fan 'e wjukken. Alles by inoar binne de wyfkes fan de smjunt wat grizer fan kleur mei in swym fan fiolet. By jerkjes en wyfkes binne de snaffels blaugriis mei in swart puntsje en in swarte snaffelbasis. De poatsjes binne blaugriis.

Fersprieding

bewurkje seksje
 
Jerk yn 'e flecht.

De Amerikaanske smjunt briedt yn in grut part fan Kanada, yn Alaksa en oan 'e Grutte Marren. De fûgel oerwinteret yn Teksas, Louisiana en oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko.

De Amerikaanske smjunt is út en troch as dwaalgast yn West-Europa te sjen.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

De Amerikaanske smjunt libbet yn iepen gebieten mei wetter en yt grondeljend of gerskjend planten. Likernôch 90% fan it iten bestiet út planten. De rest bestiet út wetterdierkes, dy't mei it iten fan 'e planten ynnommen wurde. Faak wurde Amearikaanske smjunten yn groepen fan dûkeinen sjoen, fan wa't se de wetterplanten stelle as dy wer boppe komme.

 
Wyfke mei einepiken.

Yn maaie komme de Amerikaanske smjunten út harren oerwinteringsgebieten yn 'e briedgebieten oan. De balts ferrint net opfallend. It nêst wurdt 1tichteby wetter op 'e grûn boud, leafst yn tichte begroeiing of goed begroeide eilannen en bestiet út 6 oant 12 krêmkleurige aaien. Allinne it wyfke briedt en bringt de einepiken ek allinne grut. It jerkje bliuwt tichteby it wyfke oant it ferfearjen. De jonge fûgels fleane trochstrings nei 45 oant 63 dagen út.

It oantal Amerikaanske smjunten wurdt op likernôch 2.700.000 rûsd. De populaasje nimt stadichoan ôf, mei in trochsnit fan 0,3% it jier.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Nordamerikanische Pfeifente

  1. [Birdlife, oproppen 24 febrewaris 2024]