Brûnswjukein
De brûnswjukein (Speculanas specularis) is in fûgel út de famylje einfûgels (Anatidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte is foar earst publisearre yn 1828 troch King.
Brûnswjukein | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Speculanas specularis | ||||||||||||
King, 1828 | ||||||||||||
IUCN-status: gefoelich | ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Beskriuwing
bewurkje seksjeTusken jerken en wyfkes binne gjin grutte ferskillen. De kop en hals binne donkerbrun. Foar de eagen en oan 'e kiel hat de ein in opfallende wite flek. De kielflek wreidet him nei de hals út yn 'e foarm fan in heale rûnte. De fearren op 'e rêch binne swartbrún oant swarteftich mei in ljochtere râne. It boarst en it ûnderbealchje binne strekerich of puntich ljochtbrún en donkerbrún. Op 'e ljochtbrune flanken binne gruttere donkerbrune oant swarteftige flekken. De sturt is donkerbrún en de wjukken binne donkerbrún oant swartfiolet. De wjukken hawwe in opfallend brûnskleurich speculum, dy't op 'e rânen mei in smelle swarte en wite streek ôfset is. De snaffel is blaugriis, de poaten binne oranje oant donkergiel en de iris fan 'e ein is brún. By it wyfke is de wite flek yn it gesicht wat rûner, wylst dy by it jerkje krekt wat langwerpiger is. De kleuren fan it wyfke binne wat doffer en sy is ek wat lytser. Juvenilen ha noch gjin wite flek yn 't gesicht en oan 'e kiel en oars binne se noch net dúdlik ôftekene. It boarst is boppedat wat strekeriger as by folwoeksen fûgels.
Fersprieding
bewurkje seksjeDe soarte komt yn it suden fan Sily en Argentynje oant Fjoerlân foar en libbet yn 'e marren fan 'e Andes oant in hichte fan 1500 meter. Brûnswjukeinen binne meast by marren en hurd streamend wetter yn gebieten mei in soad bosk te finen. Ut en troch komme se ek by stadich rinnend wetter yn in mear iepen lânskip foar.
De marren yn 'e Andes binne fakentiden earm oan iten, itjinge de grutte territoaria fan brûnswjukeinen ferklearret. De brûnswjukein is foar in part in trekfûgel, dy't winterdeis it legerop siket en foar in part nei it noarden trekt.
Se libje meast yn pearkes of yn lytse famyljegroepen. Oant no ta binne der groepen fan maksimaal 18 fûgels waarnommen. Njonken marren is de ein ek te finen yn streamend wetter yn bosk.
Nêst
bewurkje seksjeDe fuortplantingstiid fan brûnswjukeinen begjint yn septimber oant oktober. Yn oktober oant novimber wurde 4-6 krêmkleurige oant ljochtbrune aaien lein. Allinne it wyfke sit op 'e aaien, jerkjes helpe wol by it grutbringen. It stjertesifer fan 'e piken is net heech en dêrfandinne is it lechsel ek net grut yn ferlikening mei oare einesoarten. De aaien kommme tusken desimber en begjin jannewaris út. De fûgels besette tige grutte briedgebieten. It nêst wurdt op 'e grûn boud en fûn op lytse eilannen.
Status
bewurkje seksjeDe populaasje waard yn 2002 op 1500-7000 folwoeksen fûgels rûsd. Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de fûgel de status gefoelich.
Predaasje fan 'e Amerikaanske nerts, it tanommen toerisme yn bygelyks it Los Glaciares National Park, en de kweek fan salm en it útsetten fan forel op 'e Sileenske rivieren foarmje in bedriging foar de brûnswjukein.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kupferspiegelente (ferzje 11 april 2024)
|