Labradorein
De Labradorein (Camptorhynchus labradorius) wie in en eidereftige see-ein, dy't yn 'e 19e iuw útstoar. De Labrador-ein wurdt as ien fan 'e meast riedseleftige fûgels fan Noard-Amearika beskôge. De lêste Labradorein soe op 12 desimber 1878 yn Elmira, yn 'e steat New York waarnommen wêze, it lêste bewarre eksimplaar waard yn 1875 op Long Island sketten.[1]
Labradorein | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
jerkje wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Camptorhynchus labradorius | ||||||||||||
Gmelin, 1789 | ||||||||||||
IUCN-status: útstoarn
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
It oarspronklike ferspriedingsgebiet fan 'e Labradorein. |
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe fearren fan it jerkje wiene swart en wyt yn it patroan fan in eider, mar de wjukken wiene op 'e haadslachpinnen nei hielendal wyt. It wyfke wie griis, ek lykas dy fan in eider, en hie in skier patroan.
De fûgels hiene in langwerpige kop mei lytse kraaleachjes. De snaffel wie hast like lang as de kop. It bealchje wie koart en hie koarte, sterke poaten dy't fier efter it bealchje stiene. De fearren wiene lyts en de sturt koart en rûn. De Labradorein wie in monotypysk skaai.
Fersprieding
bewurkje seksjeSimmerdeis briede de ein yn Labrador en yn it noarden fan Kebek. Alle jierren migrearre de ein nei de kusten fan New Jersey en New England yn it easten fan 'e Feriene Steaten. Dêr joech de ein de foarkar oan de strannen yn it suden, baaien yn 'e lijte, havens en ynhammen. Guon tinke ek dat de soarte briede op 'e eilannen yn 'e Saint Lawrencebaai. De briedbiology fan 'e fûgel is foar it grutste part ûnbekend.
Iten
bewurkje seksjeLabradoreinen sochten lytse weakdieren en fiskers dy't mei moksels as ies fisken, fongen sa noch wolris in labradorein. De snaffels wiene hiel oars as dy fan oare einesoarten en hiene in brede, platte punt mei in soad lamellen dêryn. Yn dat opsicht wurdt de Labradorein ek wol as in tsjinhinger beskôge fan 'e Noard-Aziatyske Stellers eider (Polysticta stelleri). De snaffel wie ek sêft en waard mooglik brûkt om yn sânôfsettings nei iten te sykjen.
In oare, net besibbe ein mei deselde snaffelmorfology (mar dan noch mear spesjalisearre) is de Australyske leppelbekein ((Malacorhynchus membranaceus), dy't plankton yt mar ek weakdieren. Yn syn ferskining kaam de Labradorein nei alle gedachten noch it measte de blauwe ein (Hymenolaimus malacorhynchos) benei.
Utstjerren
bewurkje seksjeDe Labradorein hat nei alle gedachten altiten in seldsume fûgel west. Tusken 1850 en 1870 rûnen de oantallen lykwols fierder tebek. Der binne noch jimmeroan fragen oer it útstjerren, dat nei 1878 plakfûn. Der waard jage op 'e fûgel, mar it fleis smakke net, ferrotte gau en der waard net in soad foar betelle. Dêrfandinne wie der ek gjin sprake fan grutskalige jacht op 'e fûgel. It aaisykjen kin bydroegen ha oan it útstjerren en mooglik hat ek de fearrehannel yn it breidgebied in dieloarsaak west. In oare faktor dy't spile ha kin is in fermindere fiedseloanbod troch de befolkingsgroei en de taname fan yndustry yn 'e wintergebieten. Alhoewol't alle see-einen faak weakdieren yn ûndjip wetter sykje, wie gjin West-Atlantyske fûgelsoarte sa ôfhinklik fan weakdieren as de Labradorein.
In oare teory is dat de ûnbidige taname fan aktiviteiten fan minsken ynfloed hie op 'e Noardamerikaanske ekosystemen fan kusten. De fûgels wiene twongen om nei oare gebieten om te sjen. It ferspriedingsgebiet fan 'e Labradoreinen wie lykwols beheind ta de Amerikaanske kust fan 'e Noardatlantyske Oseaan en sadwaande wie it finen fan nije, ôfbakene plakken yn it ekosysteem in drege saak foar de ein.
Hokker oarsaak it ek west hat, tsjin de ein fan 'e 19e iuw wie de ein útstoarn.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Labrador duck (ferzje 4 july 2024.)
|