Readsnaffelpylksturt

De readsnaffelpylksturt of readbekpylksturt (Anas erythrorhyncha) is in fûgel út 'e famylje einfûgels (Anatidae). Gmelin beskreau de soarte yn 1789 foar it earst wittenskiplik.

readsnaffelpylksturt
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai einen (Anas)
soarte
Anas erythrorhyncha
Dubois, 1838
IUCN-status: net-bedrige
 
Ofbyld fan in readsnaffelpylksturt dêr't de slachpinnen fan te sjen binne.

De readsnaffelpylksturt is in lytse ein fan 43 oant 48 sm lang en hat in reade snaffel en oant ûnder in each in donkerbrune oant swarte krún, wylst de rest fan 'e kop ljocht fan kleur is. Ek de nekke is swart. De fearren fan it bealchje binne dof donkerbrún mei ljochte rânen. Yn 'e flecht is te sjen dat de boppekant fan 'e sekundêre slachpinnen ljochtgiel binne mei boppe de fearren in swarte streek der oer hinne. De poatsjes fan 'e readsnaffelpylksturt binne griis, de eagen brún. Jerken en wyfkes binne likernôch itselde, mantsjes binne krekt wat grutter, mar juvenilen dêrfoaroer binne wat fletser fan kleur as folwoeksen fûgels.

De fûgel yt plantaardich materiaal en sied, dat op it wetter mar somtiden ek op it lân socht wurdt.

Fuortplantsjen

bewurkje seksje

Readsnaffeleinen briede ôfhinklik fan de reintiid yn alle moannen fan it jier. It hichtepunt falt yn it suden fan Afrika yn 'e moannen oktober oant maaie. Yn 'e Kaapprovinsje falt it hichtepunt yn 'e moannen augustus oant oktober.

 
Aaien fan 'e readsnaffelpylksturten.

De nêsten wurde yn 'e regel tichteby de kant tusken de beplanting yn it wetter boud. It wyfke siket it plak sels op en boud ek it nêst. De jerken binne dêrby passyf oanwêzich. Trochstrings bestiet in nêst út sa'n 10 aaien. Allinne it wyfke briedt en nei 25 oant 28 dagen komme de aaien út. Ek it fuorjen is in saak fan it wyfke. De jerkjes binne dan ôfwêzich en yn groepen oan it ferfearjen. Nei in jier binne de jonge fûgels geslachtsryp.

Fersprieding

bewurkje seksje
 
readsnaffelpylksturt yn 'e flecht.

De readsnaffelpylksturt komt fral yn it easten en suden fan Afrika foar yn it gebiet tusken Oeganda, Kenia en Etioopje oant Súd-Afrika.Yn it ferspriedingsgebiet is de ein in fûgel dy't in soad foarkomt, yn in soad gebieten is it sels de meast foarkommende ein. Dat jildt ek foar Madagaskar, dêr't de ein in soad fan syn biotoop ferlear. De populaasje wurdt yn Súd-Afrika op 500.000 oant 1 miljoen fûgels rûsd, 100.000 oant 300.000 einen yn East-Afrika en likernôch 15.000 oant 25.000 einen op Madagaskar.

 

De einen libje op en by ûndjippe marren, wetlands, opslachfivers ensafuort hinne. Op Madagaskar binne se ek by mûnings fan rivieren te sjen. Bûten it briedseizoen wurde de einen yn grutte groepen sjoen, fakentiden mei oare einesoarten.

It liket der op dat de soarte der op efterút giet, der wie bygelyks biotoopferlies op Madagaskar en der is in soad op 'e ein jage, mar it ferspriedingsgebiet en de populaasje binne noch grut. Dêrom wurdt de fûgel yn 'e Reade list fan it IUCN as net bedrige neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Rotschnabelente