Skarlekkenread
Skarlekkenread of koartwei skarlekken is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan read dy't wat nei oranje útskaait. Yn it spektrum fan sichtber ljocht en yn 'e kleuresirkel befynt skarlekkenread him persiis op in fearn fan 'e ôfstân fan read nei oranje en op trijefearn fan 'e ôfstân fan oranje nei read. Dêrmei is it in justjes minder oranjige tint read as oranjefermiljoen.
skarlekkenread | ||
kleurkoördinaten | ||
heksadesimaal | #FF2400 | |
RGBª (r, g, b) | (255, 36, 0) | |
CMYKº (c, m, y, k) | (0, 86, 100, 0) | |
ª) normalisearre nei [0-255] (byte) º) normalisearre nei [0-100] (%) |
Ferlykje read, skarlekkenread, oranjefermiljoen en oranje:
Etymology
bewurkje seksje'Skarlekken' komt fan it Aldfrânske wurd escarlate, dat fia it Latynske scarlatum weromgiet op it Perzyske سقرلات, saqerlât. It wie yn 'e Midsiuwen de beneaming foar in soarte weve stof dy't faak fel read wie. Yn it Ingelsk waard de korrespondearjende term scarlet al yn 1250 foar it earst as oantsjutting foar in kleur brûkt.
Kleurtechnyk
bewurkje seksjeBy additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is skarlekkenread in sekundêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch ferminging fan twa primêre kleuren (read en grien). By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it ek in sekundêre kleur, dy't produsearre wurdt troch it fermingen fan 'e primêre kleuren maginta en giel.
-
In reade wylpreager (Eudocimus ruber)
-
de flagge fan 'e Folksrepublyk Sina
-
in reade kardinaal (Cardinalis cardinalis)
-
de reade pimpernel (Anagallis arvensis)
Assosjaasjes
bewurkje seksjeNeffens enkêtes dy't holden binne yn Jeropa en de Feriene Steaten wurdt skarlekkenread troch de measte minsken assosjearre mei moed, krêft, hertstocht, hjittens en blydskip. Yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke is skarlekkenread de kleur fan it klaad fan in kardinaal, dat symboal stiet foar it bloed fan Kristus en de kristlike martelders. Skarlekkenread wurdt ek assosjearre mei ymmoraliteit en sûnde, yn 't bysûnder wat prostitúsje en oerhoer oangiet. Dat is fierhinne in útfloeisel fan 'e bibeltekst út 'e Iepenbiering fan Jehannes 17:1–6, dêr't ferhelle wurdt oer "it grutte Babylon, de mem fan 'e huorren en fan 'e grouweldieden fan 'e Ierde", dy't "yn poarper en skarlekken" klaaid is.
Skarlekkenreadtinten
bewurkje seksjeDe wichtichste tinten skarlekkenread binne:
skarlekkenread | #FF2400 | |
Websafeskarlekken | #FF3300 | |
toartseread of Crayolaskarlekken | #FC2847 | |
flammeread | #E25822 | |
bakstienread | #B22222 | |
Universiteit-fan-Bostonskarlekken | #CC0000 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |