De flamingo (Phoenicopterus roseus), ek wol gewoane flamingo of Jeropeeske flamingo neamd, is de grutste fan de seis flamingosoarten fan de wrâld en de iennichste dy't yn Jeropa yn it wyld foarkomt.

flamingo
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift flamingo-eftigen
   (Phoenicopteriformes)
famylje flamingofûgels (Phoenicopteridae)
skaai flamingo's (Phoenicopterus)
soarte
Phoenicopterus roseus
Pallas, 1811
IUCN-status: net bedrige

De flamingo sit yn haadsaak wyt yn de fearren, mei wat rôze. De fûgel hat in ekstreem lange nekke, in stompe, hoekige snaffel mei in swart utein, ekstreem lange poaten en koarte teanen mei swimfluesen. De lingte is sa’n 150 sm en it gewicht 3-4 kg.

Fersprieding

bewurkje seksje

De flamingo komt wiidferspraat foar yn Afrika en yn it Súdwesten en Suden fan Sintraal-Jeraazje. De fûgels komme yn ferskate swiet- en sâltwetterbiotopen foar, foaral yn undjippe, sâlte marren, estuaria en lagunes.

Yn Jeropa komt de flamingo foar yn de Camargue yn Súd-Frankryk, dat de measte Jeropeeske fûgels herberget. Dêrneist komt de flamingo yn Portegal, Spanje, Itaalje, de Westlike Balkan en Grikelân foar.

Yn Nederlân komme jierliks inkelde tsientallen flamingo’s as trekfûgel of wintergast foar; yn Fryslân soms oan de Waadseekust. [1]

Keppelings om utens

bewurkje seksje
  • Sovon Oantallen en fersprieding fan de Flamingo yn Nederlân

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: