Omgong fan Itaalje

(Trochferwiisd fan Giro d'Italia)

De Omgong fan Itaalje (Italjaansk: Giro d'Italia, ek wol ôfkoarten oant Giro) is in hurdfytswedstryd yn Itaalje. De omgong, is yn fan de trije Grutte Omgongen yn it hurdfytsseizoen, wurdt yn de maitiid yn etappen troch gâns Itaalje fytst. It begjin is somtiden yn in oar lân, mar de oankomst is meastal yn Milaan.

Giro d'Italia
Logo Giro 2018
Logo Giro 2018
holden yn Itaalje
data maaie,
juny
sport hurdfytsen
organisator RCS Sport
earste edysje 1909
edysjes
foarige Omgong fan Itaalje 2024
folgjende Omgong fan Itaalje 2025
Temaside  Sport
 
Omgong fan Itaalje yn 1935

Op 7 augustus 1908 waard yn de Italjaanske sportkrante Gazzetta dello Sport de earste Omgong fan Itaalje oankundige. Yn neifolging fan in autorace troch hiel Itaalje, dy't organisearre waard troch konkurrint Corriere della Sera, presintearre de krante yn sân grutte kolommen de Italjaanske tsjinhinger fan de Omgong fan Frankryk. De earste etappe fan de Giro sette útein op 13 maaie 1909 fan it Loretoplein yn Milaan en einige yn Bologna. Yn dy earste edysje waard 2448 kilometer oerbrêge, dy 't ferdield wiene oer acht etappes. De Italjaan Luigi Ganna waard mei 25 punten de winner fan it evenemint.

De Giro fan 1912 waard ferriden yn ploechferbân [1], mar in jier letter kearde de organisaasje al wer werom nei it orizjinele konsept.

 
Alfonsina Strada de earste en iennichste frou ea

By de Omgong fan Itaalje 1924 soe de earste en iennichste frou ea dielnimme. Alfonsina Strada die mei oan de race as "Alfonsin Strada" om har geslacht te ferbergjen. Se ried earder tsjin manlju yn de Omgong fan Lombardije yn 1917 en 1918. Se waard yndertiid algemien beskôge as de bêste froulike hurdfytser fan Itaalje. Har identiteit waard ûntdutsen en iepenbier makke troch La Gazzetta dello Sport op 14 maaie doe't se it artikel "Alfonsina e la bici" publisearren. Strada foltôge de earste sân etappes, mar einige bûten de tiidslimyt op de achtste etappe dêr't se foel en kaam fyftjin oeren nei de start yn Perugia oan. De organisatoaren fregen har lykwols om troch te riden nei de finish fan de omgong fanwege de tanommen belangstelling foar de omgong fanwegen har dielname oan in manljus-evenemint. 64 jier nei dielname fan Alfonsina Strada oan de omgong, kaam der yn 1988 de Omgong fan Itaalje foar froulju.

Yn de earste jierren wie it parkoers fan de Omgong fan Itaalje faak in stik minder swier as dat fan har Frânske tsjinhinger, de Tour. Pas yn de jierren 30 en 40 wurdt it parkoers fan de Giro seleksjever, as der berchetappes troch de Alpen en de Dolomiten opnommen wurde yn it rûteskema. Yn 1931 wurdt ek de earste rôze trui, yn it Italiaansk maglia rosa neamd, útrikt, de trui is rôze om't de Giro troch in op rôze papier printe krante organisearre wurdt. Learco Guerra is dan de earste rozetruidrager. Twa jier letter wurdt it berchklassemint ynfierd en fan 1966 ôf is der ek in punteklassemint.

De Giro waard yn 1946 ferfette. De organisatoaren foegen de swarte trui ta foar de lêste hurdfytser yn it algemien klassemint. De tolfde etappe soe troch Pieris gean op wei nei Triëst; yn Pieris] en Triëst wiene der ûngeregeldheden om 't sawol Joegoslavië as Italië de stêd Triëst as diel fan harren grûngebiet opeasken. De etappe waard healwei ôfblaasd en de hurdfytsers waarden ûnder begelieding yn feilichheid brocht.

 
Hugo Koblet de earste net Italjaanske winner

De Giro is it faakst wûn troch in Italjaan. Oant 1950 ta wûn sels noch gjin inkelde bûtenlanner de Giro. De Switser Hugo Koblet wie de earste net-Italjaan dy 't deryn slagge om de omgong te winnen. Mar yn 'e jierren dêrnei wiene it hieltyd wer Italjanen dy 't wûnen. Pas fan 1968 ôf wûn hieltyd faker in bûtenlanner it einklassemint.

Ynearsten starte en einige de Omgong fan Itaalje alle jierren yn Milaan, de stêd dêr 't de organisearjende sportkrante La Gazzetta dello Sport syn haadkantoar hat. Nettsjinsteande in pear útsûnderingen wie Milaan oant foar 1960 it fêste start - en finishplak, sûnt dat jier ferskilt it plak fan fertrek yn it jier, De Omgong fan Itaalje 1965 wie de earste omgong dy't net yn Itaalje fan start gie mar yn San Marino. Ek as oankomstplak waard Milaan yn de jierren dêrnei geregeld ôflost: sa lei de einstreek yn 1975 sels ienkear op de Stelviopas. Yn de perioade fan 1981 oant en mei 1989 lei de finish fan de Giro sels gjin inkelde kear yn Milaan. Yn 1990 waard de tradysje lykwols wersteld en de jierren dêrnei soe de oankomst wer yn Milaan lizze. Yn de edysje fan 2009 waard opnij mei de tradysje brutsen: de Omgong sleat yn dat jier ôf mei in yndividuele tiidrit yn Rome. Dêrnei wiksele de omgong wer geregeld fan finishplak.

 
Maarten Tjallingii ridend foar Lotto-Jumbo yn de Omgong fan Itaalje 2015

Lykas de Omgong fan Frankryk syn dopingskandalen ken, is ek de Omgong fan Itaalje dat net besparre bleaun. Sa moasten Eddy Merckx en Marco Pantani fanwegen dopinggebrûk de omgong ferlitte wylst se yn de rôze trui fytsten.

De earste etappe fan de Omgong fan Itaalje 1986 waard ûntsierd troch in grutte falpartij op sa'n 10 km fan de finish, wêrby't Emilio Ravasio swiere ferwûningen oprûn mar wol wist troch te fytsen oant de einstreek. Koart nei de etappe rekke er yn koma, twa wiken letter ferstoar Ravasio oan syn ferwûnings.

Yn 2009] stie der foar it earst in Fries oan de start fan de Omgong fan Itaalje. Maarten Tjallingii fan Ljouwert einige dat jier as 100ste.

Yn 2011 yn de tredde etappe by it ôfsakjen fan de Passo del Bocco kaam de belgyske hurdfytser Wouter Weylandt mâl te fallen en ferstoar op it plak fan it ûngelok oan syn ferwûnings. De fjirde etappe waard der net kompetytyf fytst. Yn stee dêrfan waard de etappe foarôfgien troch in minút stilte, en rieden alle 23 teams, ôfwikseljend elk ûngefear 15 minuten foaroan yn it peloton en leden fan de groep fan Weylandt finishten tegearre as earste mei de earms om inoar hinne slein.

De fiifde etappe, mar in dei nei de neutralisearre etappe fanwegen it ferstjerren fan Wouter Weylandt, wûn Pieter Weening fan De Harkema as earste Fries in etappe yn de Omgong fan Itaalje. De etappe hie in oankomst berchop en ferskate ûnferhurde stikken. Nei de etappe oerwinning krige er de Rôze trui, hy wist dizze trui mar leafst fjouwer etappes te behâlden.

Yn 2014 wûn Pieter Weening foar de twadde kear, yn de njoggende etappe fan Lugo nei Sestola bleau Weening de Italjaan Davide Malacarne foar.

De omgong fan 2020 waard útsteld oant 3 oktober, as gefolch fan de koroanapandemy. De iennige kear yn de skiednis dat de Giro net ferriden waard yn maaie of juny. [2]

Omgong fan Itaalje foar froulju

bewurkje seksje

De Omgong fan Itaalje foar froulju yn it Italjaansk Giro d'Italia Internazionale Femminile of koartwei Giro Donne is in meardeiske hurdfytswedstriid foar froulju yn Itaalje. De wedstriid stiet sûnt 1988 op de kalinder en ken per edysje in bot wikseljend tal etappes. Yn de jierren 90 duorre de rûne faak tolve dagen, yn 'e earste jierren fan 'e 21e iuw bestie de koers meastal út tsien etappes. Yn april 2013 waard lykwols in wertekene en oant acht ritten ynkoarte omgong oankundige dy 't yn july ferriden waard. Fan 2014 ôf duorret de Giro foar froulju wer tsien dagen.

Omgong fan Itaalje yn sifers

bewurkje seksje
Jier Startplak Finishplak Tal
etappes
Totale
ôfstân
Dielnimmers Utfallers
1909   Milaan Milaan 8 2.448 km 127 79
1910   Milaan Milaan 10 2.984 km 101 81
1911   Rome Rome 12 3.526 km 86 62
1912   Milaan Bergamo 9 2.436 km 54 34
1913   Milaan Milaan 9 2.929 km 99 64
1914   Milaan Milaan 8 3.162 km 81 71
1915 o/m 1918: net ferriden fanwegen de Earste Wrâldkriich
1919   Milaan Milaan 10 2.984 km 63 48
1920   Milaan Milaan 8 2.632 km 49 39
1921   Milaan Milaan 10 3.107 km 69 42
1922   Milaan Milaan 10 3.095 km 75 60
1923   Milaan Milaan 10 3.202,7 km 96 58
1924   Milaan Milaan 12 3.613 km 90 60
1925   Milaan Milaan 12 3.520,5 km 126 87
1926   Milaan Milaan 12 3.249,7 km 206 166
1927   Milaan Milaan 15 3.758,3 km 266 186
1928   Milaan Milaan 12 3.044,6 km 298 172
1929   Rome Milaan 14 2.920 km 166 67
1930   Messina Milaan 15 3.095 km 298 172
1931   Milaan Milaan 12 3.012 km 109 44
1932   Milaan Milaan 13 3.235 km 109 43
1933   Milaan Milaan 17 3.343 km 97 46
1934   Milaan Milaan 17 3.712,7 km 109 57
1935   Milaan Milaan 20 3.577 km 101 39
1936   Milaan Milaan 21 3.766 km 89 44
1937   Milaan Milaan 23 3.840 km 98 57
1938   Milaan Milaan 21 3.645,8 km 94 44
1939   Milaan Milaan 19 3.011,4 km 89 35
1940   Milaan Milaan 20 3.574 km 91 44
1941 o/m 1945: net ferriden fanwegen de Twadde Wrâldkriich
1946   Milaan Milaan 20 3.039,5 km 79 39
1947   Milaan Milaan 20 384,3 km 84 35
1948   Milaan Milaan 19 4.164 km 77 33
1949   Palermo Monza 19 4.088 km 105 40
1950   Milaan Rome 18 3.981 km 105 30
1951   Milaan Milaan 20 4.153 km 98 23
1952   Milaan Milaan 20 3.964 km 112 14
1953   Milaan Milaan 21 4.035,5 km 112 40
1954   Palermo Milaan 22 4.337 km 105 38
1955   Milaan Milaan 21 3.871 km 98 26
1956   Milaan Milaan 23 3.523,45 km 105 62
1957   Milaan Milaan 21 3.926,7 km 150 64
1958   Milaan Milaan 20 3.341,1 km 120 43
1959   Milaan Milaan 22 3.657 km 130 44
1960   Rome Milaan 23 3.481,2 km 140 43
1961   Turyn Milaan 21 4.001 km 170 78
1962   Milaan Milaan 21 4.180 km 130 83
1963   Napels Milaan 21 4.063 km 120 34
1964   Bolzano Milaan 22 4.119 km 130 33
1965   San Marino Florâns 22 4.051 km 100 20
1966   Monako Triëst 22 3.976 km 100 17
1967   Treviglio Milaan 22 3.572 km 130 60
1968   Campione d'Italia Napels 23 3.917,3 km 130 32
1969   Garda Milaan 24 3.851 km 130 49
1970   San Pellegrino Terme Bolzano 20 3.292 km 130 33
1971   Lecce Milaan 21 3.567 km 100 25
1972   Feneesje Milaan 23 3.725 km 100 31
1973   Verviers Triëst 21 3.801 km 140 27
1974   Fatikaanstêd Milaan 23 4.001 km 137 41
1975   Milaan Stelviopas 23 3.963 km 90 20
1976   Cantania Milaan 22 4.161 km 120 34
1977   Bacoli Milaan 27 3.968 km 140 19
1978   Saint-Vincent Milaan 22 3.610,5 km 130 40
1979   Florâns Milaan 20 3.301 km 130 19
1980   Genua Milaan 23 4.025 km 130 41
1981   Triëst Verona 24 3.895,6 km 130 26
1982   Milaan Turyn 23 4.010,5 162 52
1983   Brescia Udine 24 3.922 km 162 22
1984   Lucca Verona 23 3.808 km 171 28
1985   Verona Lucca 24 3.998,6 km 180 45
1986   Palermo Meran 23 3.858,6 km 171 28
1987   San Remo Saint-Vincent 24 3.915 km 180 47
1988   Urbino Vittorio Veneto 23 3.579 km 180 55
1989   Taormina Florâns 23 3.418 km 198 57
1990   Bari Milaan 20 3.450 km 198 35
1991   Olbia Milaan 22 3.715 km 180 47
1992   Genua Milaan 22 3.843 km 180 32
1993   Porto Azzurro Milaan 21 3.702 km 180 48
1994   Bologna Milaan 23 3.730 km 153 54
1995   Perugia Milaan 22 3.736 km 198 76
1996   Atene Milaan 22 3.990 km 162 64
1997   Feneesje Milaan 22 3.912 km 180 70
1998   Nice Milaan 23 3.830 km 162 68
1999   Agrigento Milaan 22 3.757 km 162 46
2000   Rome Milaan 22 3.676 km 180 53
2001   Montesilvano Milaan 22 3.356 km 180 44
2002   Grins Milaan 21 3.354.5 km 198 59
2003   Lecce Milaan 21 3.476,5 km 170 73
2004   Genua Milaan 21 3.423,9 km 171 31
2005   Reggio Calabria Milaan 21 3.447,15 km 198 45
2006   Seraing Milaan 21 3.526,2 km 198 48
2007   Caprera Milaan 21 3.486 km 198 57
2008   Palermo Milaan 21 3.407 km 197 56
2009   Lido di Venezia Rome 21 3.456,5 km 198 29
2010   Amsterdam Verona 21 3.485 km 198 59
2011   Venaria Reale Milaan 21 3.434 km 207 48
2012   Herning Milaan 21 3.502,1 km 198 41
2013   Napels Brescia 21 3.405 km 207 39
2014   Belfast Triëst 21 3.445,5 km 198 42
2015   San Lorenzo al Mare Milaan 21 3.481,8 km 198 35
2016   Apeldoarn Turyn 21 3.467,1 km 198 42
2017   Alghero Milaan 21 3.609,1 km 195 34
2018   Jeruzalim Rome 21 3.572,4 km 175 26
2019   Bologna Verona 21 3.546,8 km 176 34
2020   Monreale Milaan 21 3.361,4 km 176 43
2021   Turyn Milaan 21 3.410,9 km 184 41
2022   Bûdapest Verona 21 3.449,6 km 176 27
2023   Fossacesia Rome 21 3.448 km 176 51
2024   Venaria Reale Rome 21 3.449 km 176 35

Ferneamde bergenpassen

bewurkje seksje

Yn de Omgong fan Itaalje wurde der in tal bergen beklommen. It heechste punt fan de Giro (ek wol it "dak fan de omgong" neamd), wurdt sûnt 1965 de Cima Coppi neamd. Ferneamd nei de ferneamde Italiaanske hurdfytser Fausto Coppi. Oan de hurdfytser dy't it heechste punt as earste berikt, wurdt in spesjale priis en in fikse boanus takend.

1e
kear
Namme Berchrige Hichte
(m)
1940 Sellapas Dolomiten 2214
1940 Pordoipas Dolomiten 2239
1953 Stelviopas Alpen 2758
1960 Gaviapas Alpen 2621
1963 Vallespas Dolomiten 2033
1967 Drei Zinnen Dolomiten 2320
1973 Giaupas Dolomiten 2236
1976 Valparolapas Dolomiten 2294
1976 Manghenpas Alpen 2047
1991 Colle di Sestriere Alpen 2035
1999 Esischiepas Alpen 2366
2005 Colle delle Finestre Alpen 2178

Klasseminten

bewurkje seksje
 
De Rôze trui

Njonken de oerwinnings yn de etappen wurdt yn de Omgong fan Itaalje ek striden om ferskate klasseminten. Der is in klassemint foar de bêste ploech, foar de bêste klimmer (blauwe trui), foar de bêste jonge hurdfytser (wite trui), foar de bêste sprinter (pearze trui), en fansels foar de fytser dy't oer de hiele omgong it minste tiid brûkt (Rôze trui). De Rôze trui waard as trui yn 1931 ynfierd.

Trije hurdfytsers wûnen de Omgong fan Itaalje fiif kear en binne dêrmei dield rekôrhâlder. Alfredo Binda wie de earste dy 't it slagge. Hy wûn de Giro yn tusken 1925 en 1933 Fausto Coppi wûn die dat tusen 1940 en 1953 syn kariere waard fersteurd troch de Twadde Wrâldkriich en Eddy Merckx wie fiif kear einwinner tusken 1968 en 1974.

Winners Rôze trui

bewurkje seksje
Jier Winner Nasjonaliteit Ploech
1909 Luigi Ganna   Italjaansk Team Atala
1910 Carlo Galetti   Italjaansk Team Atala
1911 Carlo Galetti   Italjaansk Bianchi
1912 Team Atala[3]   Italjaansk Team Atala
1913 Carlo Oriani   Italjaansk Maino
1914 Alfonso Calzolari   Italjaansk Stucchi
1915 o/m 1918: net ferriden fanwegen de Earste Wrâldkriich
1919 Costante Girardengo   Italjaansk Stucchi
1920 Gaetano Belloni   Italjaansk Bianchi
1921 Giovanni Brunero   Italjaansk Legnano
1922 Giovanni Brunero   Italjaansk Legnano
1923 Costante Girardengo   Italjaansk Maino
1924 Giuseppe Enrici   Italjaansk Legnano
1925 Alfredo Binda   Italjaansk Legnano
1926 Giovanni Brunero   Italjaansk Legnano
1927 Alfredo Binda   Italjaansk Legnano
1928 Alfredo Binda   Italjaansk Wolsit
1929 Alfredo Binda   Italjaansk Legnano
1930 Luigi Marchisio   Italjaansk Legnano
ynfiering Rôze trui
1931 Francesco Camusso   Italjaansk Gloria
1932 Antonio Pesenti   Italjaansk Wolsit
1933 Alfredo Binda   Italjaansk Legnano
1934 Learco Guerra   Italjaansk Maino
1935 Vasco Bergamaschi   Italjaansk Maino
1936 Gino Bartali   Italjaansk Legnano
1937 Gino Bartali   Italjaansk Legnano
1938 Giovanni Valetti   Italjaansk Frejus
1939 Giovanni Valetti   Italjaansk Frejus
1940 Fausto Coppi   Italjaansk Legnano
1941 o/m 1945: net ferriden fanwegen de Twadde Wrâldkriich
1946 Gino Bartali   Italjaansk Legnano
1947 Fausto Coppi   Italjaansk Bianchi
1948 Fiorenzo Magni   Italjaansk Wilier Triestina
1949 Fausto Coppi   Italjaansk Bianchi
1950 Hugo Koblet   Switsersk Guerra-Svizzera
1951 Fiorenzo Magni   Italjaansk Nivea-Fuchs
1952 Fausto Coppi   Italjaansk Bianchi
1953 Fausto Coppi   Italjaansk Bianchi
1954 Carlo Clerici   Switsersk Guerra-Svizzera
1955 Fiorenzo Magni   Italjaansk Nivea-Fuchs
1956 Charly Gaul   Lúksemboarchsk Emi-Guerra
1957 Gastone Nencini   Italjaansk Chlorodont
1958 Ercole Baldini   Italjaansk Legnano
1959 Charly Gaul   Lúksemboarchsk Emi-Guerra
1960 Jacques Anquetil   Frânsk Fynsec
1961 Arnaldo Pambianco   Italjaansk Fides
1962 Franco Balmamion   Italjaansk Carpano
1963 Franco Balmamion   Italjaansk Carpano
1964 Jacques Anquetil   Frânsk St. Raphael
1965 Vittorio Adorni   Italjaansk Salvarani
1966 Gianni Motta   Italjaansk Molteni
1967 Felice Gimondi   Italjaansk Salvarani
1968 Eddy Merckx   Belgysk Faema
1969 Felice Gimondi   Italjaansk Salvarani
1970 Eddy Merckx   Belgysk Faemino
1971 Gösta Pettersson   Sweedsk Ferretti
1972 Eddy Merckx   Belgysk Molteni
1973 Eddy Merckx   Belgysk Molteni
1974 Eddy Merckx   Belgysk Molteni
1975 Fausto Bertoglio   Italjaansk Jolly Ceramica
1976 Felice Gimondi   Italjaansk Bianchi-Campagnolo
1977 Michel Pollentier   Belgysk Flandria
1978 Johan De Muynck   Belgysk Bianchi-Faema
1979 Giuseppe Saronni   Italjaansk Del Tongo-Colnago
1980 Bernard Hinault   Frânsk Renault-Gitane
1981 Giovanni Battaglin   Italjaansk Inoxpran
1982 Bernard Hinault   Frânsk Renault-Elf-Gitane
1983 Giuseppe Saronni   Italjaansk Del Tongo-Colnago
1984 Francesco Moser   Italjaansk Gis Tuc-Lu
1985 Bernard Hinault   Frânsk La Vie Claire-Look
1986 Roberto Visentini   Italjaansk Carrera
1987 Stephen Roche   Iersk Carrera
1988 Andy Hampsten   Amerikaansk 7-Eleven Hoonved
1989 Laurent Fignon   Frânsk Système U
1990 Gianni Bugno   Italjaansk Chateau d'Ax
1991 Franco Chioccioli   Italjaansk Del Tongo M.G.
1992 Miguel Induráin   Spaansk Banesto
1993 Miguel Induráin   Spaansk Banesto
1994 Jevgeni Berzin   Russysk Gewiss-Ballan
1995 Tony Rominger   Switsersk Mapei-Gb
1996 Pavel Tonkov   Russysk Panaria-Vinavil
1997 Ivan Gotti   Italjaansk Saeco
1998 Marco Pantani   Italjaansk Mercatone Uno-Bianchi
1999 Ivan Gotti   Italjaansk Polti
2000 Stefano Garzelli   Italjaansk Mercatone Uno-Albacom
2001 Gilberto Simoni   Italjaansk Lampre-Daikin
2002 Paolo Savoldelli   Italjaansk Index-Alexia
2003 Gilberto Simoni   Italjaansk Saeco
2004 Damiano Cunego   Italjaansk Saeco
2005 Paolo Savoldelli   Italjaansk Discovery Channel
2006 Ivan Basso   Italjaansk CSC
2007 Danilo Di Luca   Italjaansk Liquigas
2008 Alberto Contador   Spaansk Astana
2009 Denis Mensjov   Russysk Rabobank
2010 Ivan Basso   Italjaansk Liquigas-Doimo
2011 Michele Scarponi   Italjaansk Lampre-ISD
2012 Ryder Hesjedal   Kanadeesk Garmin-Barracuda
2013 Vincenzo Nibali   Italjaansk Astana
2014 Nairo Quintana   Kolombiaansk Movistar Team
2015 Alberto Contador   Spaansk Tinkoff-Saxo
2016 Vincenzo Nibali   Italjaansk Astana
2017 Tom Dumoulin   Nederlânsk Team Sunweb
2018 Chris Froome   Britsk Team Sky
2019 Richard Carapaz   Ekwadorjaansk Movistar Team
2020 Tao Geoghegan Hart   Britsk Team INEOS Grenadiers
2021 Egan Bernal   Kolombiaansk Team INEOS Grenadiers
2022 Jai Hindley   Australysk BORA-hansgrohe
2023 Primož Roglič   Sloveensk Jumbo-Visma
2024 Tadej Pogačar   Sloveensk UAE Team Emirates

Measte oerwinningen

bewurkje seksje

5x

  • Eddy Merckx wûn de Omgong yn 1968 en 1970 en fan 1972 oant en mei 1974.
  • Fausto Coppi wûn de Omgong yn 1940, 1947, 1949, 1952 en 1953.
  • Alfredo Binda wûn de Omgong yn 1925, fan 1927 oant en mei 1929 en yn 1933.

3x

Berchklassemint

bewurkje seksje
 
De blauwe trui

It berchklassemint yn de Omgong fan Itaalje is in njonkenklassemint dat diel útmakket fan de Giro. Foar dit klassemint wurde punten takend oan de liedende hurdfytsers oer oanwiisde beklimmingen. De beklimmingen wurde yn ferskate klassifikaasjes yndield op basis fan dreechheidsgraad en harren posysje op de etappe fan dy dei. Bonuspunten wurde takend oan oankomsten op de berchtop en oan de earste hurdfytsers oer de Cima Coppi, tradisjoneel beskôge as it heechste punt fan de hiele Giro.

It berchklassemint is yn 1933 ynfierd. Fan 1974 oant 2011 droech de lieder fan it berchklassemint yn de Giro de griene trui, yn 2012 waard as ûnderdiel fan in sponsoroerienkomst de kleur fan de trui feroare yn blau.

Winners berchklassemint

bewurkje seksje
Jier Winner Nasjonaliteit Ploech
1933 Alfredo Binda   Italjaansk Legnano
1934 Remo Bertoni   Italjaansk Legnano
1935 Gino Bartali   Italjaansk Frejus
1936 Gino Bartali   Italjaansk Legnano
1937 Gino Bartali   Italjaansk Legnano
1938 Giovanni Valetti   Italjaansk Frejus
1939 Gino Bartali   Italjaansk Legnano
1940 Gino Bartali   Italjaansk Legnano
1941 o/m 1945: net ferriden fanwegen de Twadde Wrâldkriich
1946 Gino Bartali   Italjaansk Legnano
1947 Gino Bartali   Italjaansk Legnano
1948 Fausto Coppi   Italjaansk Bianchi
1949 Fausto Coppi   Italjaansk Bianchi
1950 Hugo Koblet   Switsersk Guerra
1951 Louison Bobet   Frânsk Bottecchia
1952 Raphaël Géminiani   Frânsk Bianchi
1953 Pasquale Fornara   Italjaansk Bottecchia
1954 Fausto Coppi   Italjaansk Bianchi
1955 Gastone Nencini   Italjaansk Leo-Chlorodont
1956 Federico Bahamontes   Spaansk Girardengo
1957 Raphaël Géminiani   Frânsk Mercier
1958 Jean Brankart   Belgysk Saint-Raphael-R.Geminiani
1959 Charly Gaul   Lúksemboarchsk Emi
1960 Rik Van Looy   Belgysk Faema
1961 Vito Taccone   Italjaansk Atala
1962 Angelino Soler   Spaansk Ghigi
1963 Vito Taccone   Italjaansk Lygie
1964 Franco Bitossi   Italjaansk Spring Oil
1965 Franco Bitossi   Italjaansk Filotex
1966 Franco Bitossi   Italjaansk Filotex
1967 Aurelio González   Spaansk KAS
1968 Eddy Merckx   Belgysk Faema
1969 Claudio Michelotto   Italjaansk Max Meyer
1970 Martin Van Den Bossche   Belgysk Molteni
1971 José Manuel Fuente   Spaansk KAS
1972 José Manuel Fuente   Spaansk KAS
1973 José Manuel Fuente   Spaansk KAS
ynfiering Griene trui
1974 José Manuel Fuente   Spaansk KAS
1975 Francisco Galdós
Andrés Oliva
  Spaansk
  Spaansk
KAS
1976 Andrés Oliva   Spaansk KAS
1977 Faustino Fernández Ovies   Spaansk KAS
1978 Ueli Sutter   Switsersk Zonca-Santini
1979 Claudio Bortolotto   Italjaansk Sanson
1980 Claudio Bortolotto   Italjaansk San Giacomo
1981 Claudio Bortolotto   Italjaansk Santini-Selle Italia
1982 Lucien Van Impe   Belgysk Boston-Mavic
1983 Lucien Van Impe   Belgysk Boston-Mavic
1984 Laurent Fignon   Frânsk Renault-Elf
1985 José Luis Navarro   Spaansk Zor
1986 Pedro Muñoz   Spaansk Fagor
1987 Robert Millar   Britsk Panasonic
1988 Andrew Hampsten   Amerikaansk 7-Eleven
1989 Luis Herrera   Kolombiaansk Café de Colombia
1990 Claudio Chiappucci   Italjaansk Carrera Jeans
1991 Iñaki Gastón   Spaansk CLAS-Cajastur
1992 Claudio Chiappucci   Italjaansk Carrera Jeans
1993 Claudio Chiappucci   Italjaansk Carrera Jeans
1994 Pascal Richard   Switsersk GB-MG Maglificio
1995 Mariano Piccoli   Italjaansk Brescialat
1996 Mariano Piccoli   Italjaansk Brescialat
1997 José Jaime González   Kolombiaansk Kelme
1998 Marco Pantani   Italjaansk Mercatone Uno
1999 José Jaime González   Kolombiaansk Kelme
2000 Francesco Casagrande   Italjaansk Vini Caldirola-Sidermec
2001 Freddy González   Kolombiaansk Colombia-Selle Italia
2002 Julio Alberto Pérez Cuapio   Meksikaansk Ceramiche Panaria-Margres
2003 Freddy González   Kolombiaansk Colombia-Selle Italia
2004 Fabian Wegmann   Dútsk Gerolsteiner
2005 José Rujano   Fenezolaansk Colombia-Selle Italia
2006 Juan Manuel Gárate   Spaansk Quick Step
2007 Leonardo Piepoli   Italjaansk Saunier Duval
2008 Emanuele Sella   Italjaansk CSF Group-Navigare
2009 Stefano Garzelli   Italjaansk Acqua & Sapone
2010 Matthew Lloyd   Australysk Omega Pharma-Lotto
2011 Stefano Garzelli   Italjaansk Acqua & Sapone
ynfiering Blauwe trui
2012 Matteo Rabottini   Italjaansk Farnese
2013 Stefano Pirazzi   Italjaansk Bardiani
2014 Julián Arredondo   Kolombiaansk Trek
2015 Giovanni Visconti   Italjaansk Movistar
2016 Mikel Nieve   Spaansk Sky
2017 Mikel Landa   Spaansk Sky
2018 Christopher Froome   Britsk Sky
2019 Giulio Ciccone   Italjaansk Trek-Segafredo
2020 Ruben Guerreiro   Portegeesk EF Pro Cycling
2021 Geoffrey Bouchard   Frânsk AG2R
2022 Koen Bouwman   Nederlânsk Jumbo-Visma
2023 Thibaut Pinot   Frânsk FDJ
2024 Tadej Pogačar   Sloveensk UAE

Punteklassemint

bewurkje seksje
 
De Pearze Trui

It punteklassemint yn de Ronde fan Italië is in njonkenklassemint wêrby't de hurdfytsers punten per etappe krije, ôfhinklik fan harren oankomst. It klassemint waard yn de Giro fan 1966 yntrodusearre. De lieder yn it punteklassemint draacht in pearze trui. De pearze trui waar yn 1967 yntroducearre, fan 2010 oant en mei 2016 droech de lieder yn it klassemint in reade trui, mar yn 2017, ta gelegenheid fan de hûndertste edysje, waard de pearze trui op 'e nij yntrodusearre.

Winners punteklassemint

bewurkje seksje
Jier Winner Nasjonaliteit Ploech Punten
1966 Gianni Motta   Italjaansk Molteni 228
ynfiering Pearze trui
1967 Dino Zandegù   Italjaansk Salvarani 200
1968 Eddy Merckx   Belgysk Faema 198
1969 Franco Bitossi   Italjaansk Filotex 182
1970 Franco Bitossi   Italjaansk Filotex 252
1971 Marino Basso   Italjaansk Molteni 181
1972 Roger De Vlaeminck   Belgysk Dreher 264
1973 Eddy Merckx   Belgysk Molteni 237
1974 Roger De Vlaeminck   Belgysk Brooklyn 265
1975 Roger De Vlaeminck   Belgysk Brooklyn 346
1976 Francesco Moser   Italjaansk Sanson-Campagnolo 272
1977 Francesco Moser   Italjaansk Sanson-Campagnolo 226
1978 Francesco Moser   Italjaansk Sanson-Campagnolo 229
1979 Giuseppe Saronni   Italjaansk Scic 275
1980 Giuseppe Saronni   Italjaansk Gis Gelati 301
1981 Giuseppe Saronni   Italjaansk Gis Gelati 215
1982 Francesco Moser   Italjaansk Famcucine 247
1983 Giuseppe Saronni   Italjaansk Del Tongo 223
1984 Urs Freuler   Switsersk Atala 178
1985 Johan van der Velde   Nederlânsk Vini Ricordi-Pinarello 195
1986 Guido Bontempi   Italjaansk Carrera Jeans 167
1987 Johan van der Velde   Nederlânsk Gis Gelati 175
1988 Johan van der Velde   Nederlânsk Gis Gelati 154
1989 Giovanni Fidanza   Italjaansk Chateau d'Ax 172
1990 Gianni Bugno   Italjaansk Chateau d'Ax 195
1991 Claudio Chiappucci   Italjaansk Carrera Jeans 283
1992 Mario Cipollini   Italjaansk GB-MG Maglificio 236
1993 Adriano Baffi   Italjaansk Saeco 228
1994 Djamolidine Abdoujaparov   Oezbeeksk Team Polti 202
1995 Tony Rominger   Switsersk Mapei 205
1996 Fabrizio Guidi   Italjaansk Scrigno-Blue Storm 235
1997 Mario Cipollini   Italjaansk Saeco 202
1998 Mariano Piccoli   Italjaansk Brescialat 194
1999 Laurent Jalabert   Frânsk ONCE 175
2000 Dimitri Konyshev   Russysk Fassa Bortolo 159
2001 Massimo Strazzer   Italjaansk Mobilvetta Design 177
2002 Mario Cipollini   Italjaansk Acqua & Sapone 184
2003 Gilberto Simoni   Italjaansk Saeco 154
2004 Alessandro Petacchi   Italjaansk Fassa Bortolo 250
2005 Paolo Bettini   Italjaansk Quick Step 162
2006 Paolo Bettini   Italjaansk Quick Step 169
2007 Danilo Di Luca[4]   Italjaansk Liquigas 130
2008 Daniele Bennati   Italjaansk Liquigas 189
2009 Denis Menchov[5]   Russysk Rabobank 144
ynfiering Reade trui
2010 Cadel Evans   Australysk BMC 150
2011 Michele Scarponi[6]   Italjaansk Lampre 202
2012 Joaquim Rodríguez   Spaansk Katusha 139
2013 Mark Cavendish   Britsk Quick Step 158
2014 Nacer Bouhanni   Frânsk FDJ 291
2015 Giacomo Nizzolo   Italjaansk Trek 181
2016 Giacomo Nizzolo   Italjaansk Trek 209
ynfiering Pearze trui
2017 Fernando Gaviria   Kolombiaansk Quick-Step 325
2018 Elia Viviani   Italjaansk Quick-Step 341
2019 Pascal Ackermann   Dútsk Bora-Hansgrohe 226
2020 Arnaud Démare   Frânsk FDJ 233
2021 Peter Sagan   Slowaaksk Bora-Hansgrohe 136
2022 Arnaud Démare   Frânsk FDJ 254
2023 Jonathan Milan   Italjaansk Bahrain-Victorious 217
2024 Jonathan Milan   Italjaansk Lidl–Trek 352

Ploegeklassemint

bewurkje seksje
 
Giel rêchnûmer

It ploegeklassemint is de beneaming foar ien fan de wedstriidklasseminten by de Omgong fan Itaalje. Yn tsjinstelling ta de ferskate oare klasseminten, lykas it algemien klassemint en it berchklassemint, is dit net in klassemint op yndividuele basis, mar is it in maat foar de bêst prestearjende hurdfytsploech as gehiel. Foar it berekkenjen fan it punteal wurde nei elke etappe de tiden fan 'e trije earste riders fan elk team opteld. Earder mocht de liedende ploech mei in giel petsje ride. No rydt de liedende ploech mei in giel rêchnûmer.

Winners ploegeklassemint

bewurkje seksje
Jier Ploech Registraasje
Lân
Jier Ploech Registraasje
Lân
Jier Ploech Registraasje
Lân
Jier Ploech Registraasje
Lân
1909 Atala   Itaalje 1947 Welter   Itaalje 1976 Brooklyn   Itaalje 2005 Liquigas   Itaalje
1910 Atala   Itaalje 1948 Wilier Triestina   Itaalje 1977 Flandria   Belgje 2006 Phonak    Switserlân
1911 Bianchi   Itaalje 1949 Wilier Triestina   Itaalje 1978 Bianchi   Itaalje 2007 Saunier Duval   Spanje
1912 Atala   Itaalje 1950 Frejus   Itaalje 1979 SCIC   Itaalje 2008 CSF Group-Navigare   Ierlân
1913 Maino   Itaalje 1951 Taurea   Itaalje 1980 Bianchi   Itaalje 2009 Astana   Kazachstan
1914 Stucchi   Itaalje 1952 Bianchi   Itaalje 1981 Bianchi   Itaalje 2010 Liquigas   Itaalje
1919 Stucchi   Itaalje 1953 Ganna   Itaalje 1982 Bianchi   Itaalje 2011 Astana   Kazachstan
1920 Bianchi   Itaalje 1954 Girardengo   Belgje 1983 Gemeaz Cusin   Spanje 2012 Lampre   Itaalje
1921 Bianchi   Itaalje 1955 Atala   Itaalje 1984 Renault   Frankryk 2013 Sky   Grut-Brittanje
1922 Legnano   Itaalje 1956 Atala   Itaalje 1985 Alpilatte   Itaalje 2014 AG2R   Frankryk
1923 Legnano   Itaalje 1957 Legnano   Itaalje 1986 Supermercati Brianzoli   Itaalje 2015 Astana   Kazachstan
1924
ûnbekend
1958 Carpano   Itaalje 1987 Panasonic   Nederlân 2016 Astana   Kazachstan
1925 Legnano   Itaalje 1959 Atala   Itaalje 1988 Carrera   Itaalje 2017 Movistar   Spanje
1926 Legnano   Itaalje 1960 Ignis   Itaalje 1989 Fagor   Frankryk 2018 Sky   Grut-Brittanje
1927 Legnano   Itaalje 1961 Faema   Belgje 1990 ONCE   Spanje 2019 Movistar   Spanje
1928 Legnano   Itaalje 1962 Faema   Belgje 1991 Carrera   Itaalje 2020 INEOS   Grut-Brittanje
1929 Legnano   Itaalje 1963 Carpano   Itaalje 1992 MG Maglificio   Itaalje 2021 INEOS   Grut-Brittanje
1930 Bianchi   Itaalje 1964 Saint Raphäel   Frankryk 1993 Lampre   Itaalje 2022 Bahrain   Bachrein
1931 Legnano   Itaalje 1965 Salvarani   Itaalje 1994 Carrera   Itaalje 2023 Bahrain   Bachrein
1932 Legnano   Itaalje 1966 Molteni   Itaalje 1995 Gewiss-Ballan   Itaalje 2024 AG2R   Frankryk
1933 Legnano   Itaalje 1967 KAS   Spanje 1996 Carrera   Itaalje
1934 Gloria   Itaalje 1968 Faema   Belgje 1997 Kelme   Spanje
1935 Frejus   Itaalje 1969 Molteni   Itaalje 1998 Mapei   Itaalje
1936 Legnano   Itaalje 1970 Faema   Belgje 1999 Vitalicio Seguros   Spanje
1937 Frejus   Itaalje 1971 Molteni   Itaalje 2000 Mapei   Itaalje
1938 Gloria   Itaalje 1972 Molteni   Itaalje 2001 Alessio   Itaalje
1939 Frejus   Itaalje 1973 Molteni   Itaalje 2002 Alessio   Itaalje
1940 Gloria   Itaalje 1974 KAS   Spanje 2003 Lampre   Itaalje
1946 Legnano   Itaalje 1975 Brooklyn   Itaalje 2004 Saeco   Itaalje

Jongereinklassemint

bewurkje seksje
 
De Wite Trui

It jongereinklassemint yn de Omgong fan Itaalje is in njonkenklassemint dêr't inkeld hurdfytsers jonger as 25 jier foar yn oanmerking komme. De heechst klassearre jonge hurdfytser krijt de wite trui. De priis waard yn 1976 foar it earst útrikt. Doe kamen allinnich hurdfytsers jonger as 24 jier yn oanmerking foar de priis. Nei 1994 waard de wite trui foar in skoft opburgen. Mar yn 2007 waard it jongereinklassemint op 'e nij ynfierd. Fan dan ôf waard ek de leeftiid ferhege nei 25 jier.

Winners jongereinklassemint

bewurkje seksje
Jier Winner Nasjonaliteit Ploech Posysje
algemien
klassemint
(Rôze Trui)
1976 Alfio Vandi   Italjaansk Magniflex-Torpado 7
1977 Mario Beccia   Italjaansk Sanson 9
1978 Roberto Visentini   Italjaansk Vibor 15
1979 Silvano Contini   Italjaansk Faema 5
1980 Tommy Prim   Sweedsk Bianchi 4
1981 Giuseppe Faraca   Italjaansk Hoonved-Bottecchia 11
1982 Marco Groppo   Italjaansk Metauro Mobili 9
1983 Franco Chioccioli   Italjaansk Vivi-Benotto 16
1984 Charly Mottet   Frânsk Renault-Elf 21
1985 Alberto Volpi   Italjaansk Bianchi 10
1986 Marco Giovannetti   Italjaansk Gis Gelati 8
1987 Roberto Conti   Italjaansk Gis Gelati 15
1988 Stefano Tomasini   Italjaansk Fanini 9
1989 Vladimir Poulnikov   Sovjet Alfa Lum 11
1990 Vladimir Poulnikov   Sovjet Alfa Lum 4
1991 Massimiliano Lelli   Italjaansk Ceramiche Ariostea 3
1992 Pavel Tonkov   Russysk Lampre 7
1993 Pavel Tonkov   Russysk Lampre 5
1994 Evgueni Berzin   Russysk Gewiss-Ballan 1
Fan 1995 o/m 2006 wie der gjin Jongereinklassemint
2007 Andy Schleck   Lúksemboarchsk CSC 2
2008 Riccardo Riccò   Italjaansk Saunier Duval 2
2009 Kevin Seeldraeyers   Belgysk Quick Step 14
2010 Richie Porte   Australysk Saxo Bank 7
2011 Roman Kreuziger   Tsjechysk Astana 6
2012 Rigoberto Urán   Kolombiaansk Sky 7
2013 Carlos Betancur   Kolombiaansk AG2R 5
2014 Nairo Quintana   Kolombiaansk Movistar 1
2015 Fabio Aru   Italjaansk Astana 2
2016 Bob Jungels   Lúksemboarchsk Quick Step 6
2017 Bob Jungels   Lúksemboarchsk Quick Step 8
2018 Miguel Ángel López   Kolombiaansk Astana 3
2019 Miguel Ángel López   Kolombiaansk Astana 7
2020 Tao Geoghegan Hart   Britsk Ineos 1
2021 Egan Bernal   Kolombiaansk Ineos 1
2022 Juan Pedro López   Spaansk Trek-Segafredo 10
2023 João Almeida   Portegeesk UAE Team Emirates 3
2024 Antonio Tiberi   Italjaansk Bahrain Victorious 5

Fryske Dielnimmers

bewurkje seksje

Twa Friezen ha oant no ta (2022) meidien oan de Omgong fan Itaalje. Yn 2009 wie Maarten Tjallingii de earste. Pieter Weening wie yn 2011 de earste Fries dy't in etappe wûn yn de Omgong fan Itaalje, hy wie ek de earste Fries dy't in oantal dagen yn de rôze trui fytst hat.

Namme Jier(ren) Ploech Posysje
algemien
klassemint
(Rôze Trui)
Maarten Tjallingii 2009,
2013,
2014,
2015
2016
Rabobank,
Lotto NL-Jumbo,
Lotto NL-Jumbo
Lotto NL-Jumbo
Lotto NL-Jumbo
100e,
131e,
92e,
119e,
124e
Pieter Weening 2010,
2011,
2013,
2014,
2015,
2020
Rabobank,
Rabobank,
Orica GreenEDGE,
Orica GreenEDGE,
Orica GreenEDGE,
Trek-Segafredo
24e,
45e,
38e,
Net finisht,
92e,
Net finisht

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (1912) - Dit wol sizze dat de einwinner gjin hurdfytser wie mar in hiele ploech, wat lykjend op it ploegeklassemint fan hjoed de dei.
  2. (in) History of the Giro d'Italia
  3. De Omgong fan Itaalje 1912 waard ferriden yn ploegeteams, der wie gjin yndividuele rangskikking. It winnende team bestie út Carlo Galetti, Giovanni Micheletto en Eberardo Pavesi.
  4. Danilo Di Luca waard útroppen ta winner fan it puntenklassemint nei diskwalifikaasje fan Alessandro Petacchi omreden fan doping.
  5. Denis Menchov waard útroppen ta winner fan it puntenklassemint nei diskwalifikaasje fan Danilo Di Luca omreden fan doping.
  6. Michele Scarponi waard ta winner fan it punteklassemint útroppen nei de diskwalifikaasje fan Alberto Contador
Omgong fan Itaalje
  Fryske dielnimmers ·   froulju
1909 · 1910 · 1911 · 1912 · 1913 · 1914 · 1919 · 1920 · 1921 · 1922 · 1923 · 1924 · 1925 · 1926 · 1927 · 1928 · 1929 · 1930 · 1931 · 1932 · 1933 · 1934 · 1935 · 1936 · 1937 · 1938 · 1939 · 1940 · 1946 · 1947 · 1948 · 1949 · 1950 · 1951 · 1952 · 1953 · 1954 · 1955 · 1956 · 1957 · 1958 · 1959 · 1960 · 1961 · 1962 · 1963 · 1964 · 1965 · 1966 · 1967 · 1968 · 1969 · 1970 · 1971 · 1972 · 1973 · 1974 · 1975 · 1976 · 1977 · 1978 · 1979 · 1980 · 1981 · 1982 · 1983 · 1984 · 1985 · 1986 · 1987 · 1988 · 1989 · 1990 · 1991 · 1992 · 1993 · 1994 · 1995 · 1996 · 1997 · 1998 · 1999 · 2000 · 2001 · 2002 · 2003 · 2004 · 2005 · 2006 · 2007 · 2008 · 2009 · 2010 · 2011 · 2012 · 2013 · 2014 · 2015 · 2016 · 2017 · 2018 · 2019 · 2020 · 2021 · 2022 · 2023 · 2024 · 2025
  ·   ·