Palermo
Palermo (Sisyljaansk: Palermu) is de haadstêd fan it Italjaanske eilân Sisylje en fan de provinsje Palermo dat krekt besuden it Italjaansk skiereilân leit. De stêd leit yn it noardwesten fan it eilân, oan de Tyrreenske See dat wer in part is fan de Middellânske See. Mei 686.551 ynwenners (1998) is dat it op de fjirde stêd fan Itaalje.
Palermo | |
---|---|
Flagge | Wapen |
![]() |
![]() |
Sifers | |
Ynwennertal | 678.492 (2013) |
Oerflak | 158 km² (ynkl. wetter) |
Befolkingstichtens | 4.294 / km² |
Stêdekloft | (2012) |
Hichte | 10 m |
Polityk | |
Lân | Itaalje |
Regio | Sisylje |
Provinsje | Palermo |
Oar | |
Stifting | 736 f.Kr. |
Tiidsône | UTC-5 |
Simmertiid | UTC-4 |
Webside | Webstee fan de gemeente Palermo |
Dizze side giet oer de stêd op Sisylje. Foar oare betsjuttings, sjoch: Palermo (betsjuttingsside).
Palermo is in universiteitsstêd.
Ferfier Bewurkje
Op sa'n 30 kilometer ôfstân fan de stêd leit in fleanfjild: "Falcone e Borsellino". Mei de trein kinne oare parten fan it eilân maklik berikt wurde. Fierders beskikt de stêd oer in wichtige haven.
Koarte skiednis fan Palermo Bewurkje
Yn de 7e of 8e iuw f.Kr. waard op it plak fan de stêd in koloanje stifte troch Foenisiërs. Letter kamen dêr de Griken te wenjen dy't de stêd Panormos neamden, wat folsleine haven yn it Gryksk betsjut, en dat letter de Latynske namme Panormus krige soe.
De Romeinen oermastere Palermo tidens de earste Punyske oarloch. Nei de Romeinske tiid hearde Palermo in skoftsje by it Fandaalske ryk. Doe't dat Germaanske ryk ferneatige waard troch it Eastromeinske Ryk kaam it ûnder it bewâld fan de Byzantinen.
Nei 831 krige Palermo te meitsjen mei de Arabyske oerhearsing, en waard it ien fan wichtichste stêden fan de destiidske wrâld. Inkele jierren letter, sûnt 1072, oerhearsken de Noarmannen de stêd. In protte fasetten fan dizze rike skiednis is yn de stêd noch hieltyd werom te finen.
Nijsgjirrichheden yn en om Palermo Bewurkje
- Archeologysk museum, "Museo Archeo logico Regionale"
- Ignazio Mormino: museum fan keunst en archeology
- Paleontologysk museum
- Regionale galery fan Sisylje
- Risorgimento: museum
- Oratorio del Rosario di Santa Cita, oratorium
- Teatro Biondo
- Teatro Massimo
- San Domenico, Basiliek, ien fan de nijsgjirrichste baroktsjerken fan Palermo
- Piazza Marina, haadplein yn âld-Palermo yn de wyk Kalsa mei in protte palazzo's mei:
- Santa Maria della Catena
- Piazza Marina, plein
- Museo Internazionale delle Marionette, marionettenpoppenmuseum
- La Gancia, tsjerke
- Palazzo Abatellis, mei in protte keunst
- Catacombe
- Monte Pellegriono, 429 hege berch yn natuerpark