Arabysk-Normandysk Palermo en de katedralen van Cefalù en Monreale

Under de namme Arabysk-Normandysk Palermo en de katedralen fan Cefalù en Monreale binne sûnt de 39e sessy yn 2015 in oantal monuminten yn 'e Italjaanske regio Sisylje op 'e list fan it UNESCO-wrâlderfgoed ynskreaun.

Arabysk-Normandysk Palermo en de katedralen van Cefalù en Monreale
UNESCO-wrâlderfgoed
lân flagge fan Itaalje Itaalje
UNESCO folchnûmer 1487-001
kritearia (ii)(iv)
ynskriuwing 2015 (39e sessy)
UNESCO-wrâlderfgoedlist

Yn 'e rin fan 'e tiid droegen ferskillende folken oan 'e kultuer fan Sisylje by. Yn 'e âldheid wie Sisylje foar it grutste part Gryksk, wylst Palermo Fenisysk-Kartagysk wie. Dêrnei foel it ûnder it Romeinske Ryk. Nei de dieling fan it Romeinske Ryk kaam Sisyslje ûnder Byzantynsk bestjoer. Yn 'e 9e iuw oermasteren de Arabieren it eilân en yn 'e 11e iuw folge de Normandyske oermastering. De Noarmannen, dy't op Sisylje in eigen keninkryk stiften, foarmen de boppelaach, wylst de befolking foar it grutste part Gryksk of fan Arabyske oarsprong wie.

Ut dy kultueren ûntwikkele yn Sisylje in eigen keunststyl, dy't hjoed-de-dei Normandysk-Arabysk-Byzantynske keunst neamd wurdt. Dy keunst falt fral op yn 'e arsjitektuer. Sa foarmet it knobbige eksterieur fan 'e katedraal fan Monreale de Normandyske fariant fan 'e romaanske boustyl. De details oan 'e gevel lykas de inoar krusende bline bôgen fan 'e gevel en it ynliswurk oan 'e apsiden binne Arabyske styleleminten, wylst de mozaïken oan 'e muorren fan 'e Byzantynske kultuer tsjûgje.

Ofbyld Namme Plak Beskriuwing
  Palazzo dei Normanni Palermo 9e-iuwske simmerresidinsje fan 'e emir fan Palermo. Troch Rogier II ferboud en sit fan 'e Normandyske keningen fan Sisylje (dêrfandinne de namme 'Palazzo dei Normanni' = Noarmannepaleis). Hjoed-de-dei de sit fan it parlamint fan Sisylje.
  Cappella Palatina Palermo Tusken 1132 en 1140 ûnder kening Rogier II as hofkapel fan it Palazzo dei Normanni (Palazzo Reale) boud. Ynwijd yn 1140. Flier fersierd mei moarmer en porfier, Arabysk fykwurk oan it plafond, mozaïken oan 'e muorren en yn 'e koepel.
  La Zisa Palermo Yn 1165 ûnder Willem I útein set en yn 1167 ûnder syn soan Willem II foltôge. Kubusfoarmich bouwurk fan trije ferdjippings. Hjoed-de-dei it Museum foar Islamityske keunst.
  Domtsjerke fan Palermo Palermo Katedraal fan it aartsbisdom Palermo. Yn it lêste fearn fan 'e 12e iuw nei in ierdskodding op it plak fan in foargonger boud. Portikus út 1465 yn 'e styl fan 'e Katalaanske letgotyk. Tusken 1781 oant 1801 ferbouwing fan it ekterieur en tafoeging fan 'e koepel.
  San Giovanni degli Eremiti Palermo Troch Rogier II yn 1130 op it plak fan in Arabysk bouwurk as diel fan it âldste Latynske kleaster yn Palermo stifte en yn 1143 foltôge.
  Santa Maria dell'Ammiraglio Palermo Sûnt 1143 ûnder Joaris fan Antiochje, de ammiratus fan kening Rogier II, as partikuliere kapel boud. Barokke gevel út de 17e iuw, sûnt 1943 parochytsjerke fan 'e parochy San Nicolò dei Greci mei de byzantynske ritus en de kokatedraal fan 'e eparchy Piana degli Albanesi.
  San Cataldo Palermo Tusken 1154–1160 ûnder Maio fan Bari, de ammiratus fan kening Willem I, as partikuliere kapel boud, ien fan 'e lêste tsjerken op Sisylje yn Arabysk-Normandyske styl.
  Ponte dell'Ammiraglio Palermo Brêge mei tolve bôgen, boud nei 1132 ûnder Joaris fan Antiochje, de ammiratus fan kening Rogier II oer de rivier Oreto.
  Domtsjerke fan Cefalù Cefalù Katedraal fan it aartsbisdom Monreale, tusken 1172 oant 1176 ûnder kening Willem II boud, muorren mei Byzantynske mozaïken oerdutsen.
  Domtsjerke fan Monreale Monreale Katedraal fan it bisdom Cefalù, tusken 1131 oant 1140 ûnder kening Rogier II boud.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: