Monreale (Sisyljaansk: Murriali) is in plakop it eilân Sisylje yn Itaalje. Monreale leit likernôch 8 km súdwest fan Palermo op in berchhelling mei útsjoch op 'e delling fan 'e Oreto en de Conca d'Oro. De frazioni Grisì makket diel út fan 'e gemeente.

Monreale
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Itaalje Itaalje
regio Sisylje
Sifers
Ynwennertal 38.753 (31.05.2024)
Oerflak 530,18 km²
Hichte 310 m
Oar
Postkoade 90046, 90040
Koördinaten 38° 04' N 13° 17' E
Offisjele webside
www.comune.monreale.pa.it
Kaart
Monreale (Sisylje)
Monreale
 
Katedraal.

Mei't de Arabieren yn it jier 831 Palermo besetten, waard de biskop fan Palermo út de stêd ferdreaun en sette er him yn it doarpke Aghia Kiriaki, it lettere Monreale, nei wenjen. Ynearsten waard de lytse doarpstsjerke de nije katedraal fan it bisdom. Doe't de Normandjers yn 1072 Sisylje oermasteren, waard de katedraal fan Palermo wer de biskopstsjerke. Mooglik spile Monreale as tydlike biskopssit in rol by it beslút fan Willem II fan Sisylje om doe de hjoed-de-dei ferneamde katedraal te bouwen.

Njonken de katedraal waard op it gebiet fan 'e gemeente ek de Benediktynske abdij San Martino delle Scale stifte.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Katedraal fan Monreale..

It ferneamste bouwurk fan 'e stêd is de katedraal, in Normandysk bouwurk út de 12e iuw. De katedraal fertsjintwurdiget romaanske, Arabyske en Byzantynske styleleminten. Mei likernôch in oerflak fan 6.340 m² oan mozaïken is de katedraal ien fan 'e moaiste tsjerken fan Sisylje of sels Itaalje. Tige moai is ek de romaanske kleastergong en de ferneamde brûnzen doar fan Pisano út 1186. Alle jierren bringe likernôch 1 miljoen toeristen in besite oan it gebou.

Njonken de katedraal stiet it kleaster, dat diel útmakke fan it âlde Benediktynske kleaster. It is in foarbyld fan Byzantynske arsjitektuer en waard yn opdracht fan kening Willem II yn 'e 12e iuw boud. De kleastergong docht tinken oan it Alhambra yn Granada.

De 17e-iuwske kollegiale tsjerke (Chiesa della Collegiata) is de op ien nei grutste tsjerke fan Monreale en besit fjouwer wurken fan Marco Benefial.

It riedshûs datearret út de 18e iuw en besit in stik of wat weardefolle skilderijen.

West fan Monreale leit op 'e Monte Caputo it Castellaccio, it kastiel dat de Benediktynske muontsen tusken 1174 en 1200 as ferdigeningspost tsjin oanfallen út it berchlân bouden, dat doe noch net folslein ûnder de kontrôle fan it regear foel.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Monreale fan Wikimedia Commons.