Domtsjerke fan Cefalù
De Domtsjerke fan Cefalù (Italjaansk: Duomo di Cefalù; ek Basilica Cattedrale della Trasfigurazione, Katedrale Basilyk fan 'e Ferhearliking fan 'e Hear) is de katedraal fan it katolike bisdom Cefalù op Sisylje, Itaalje. De tsjerke hat de status fan in basilyk en stiet oan it Piazza Duomo.
Domtsjerke fan Cefalù
Duomo di Cefalù | ||
Lokaasje | ||
lân | Itaalje | |
regio | Sisylje | |
plak | Cefalù | |
adres | Piazza Duomo | |
koördinaten | 38° 2' N 14° 1' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Cefalù | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1131-1240 | |
Webside | ||
hiemside bisdom | ||
Kaart | ||
Sûnt 2015 stiet de domtsjerke ûnder Arabysk-Normandysk Palermo en de katedralen van Cefalù en Monreale op 'e list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.
Skiednis
bewurkje seksjeDe bou fan 'e domtsjerke wie in inisjatyf fan Rogier II om neffens de oerlevering sa de Heare te tankjen foar it sparjen fan syn libben, nei't syn skip yn 1130 foar de noardlike kust fan Sisylje yn in swiere stoarm telâne kaam. It wie it doel dat er letter yn 'e domtsjerke byset wurde soe, mar hy waard letter byset yn 'e katedraal fan Palermo. Mei de bou waard yn 1131 útein set, al eine dy net bot en ferskate kearen waard de fierdere bou útsteld. Lang om let waard de gevel yn 1240 foltôge. It nei foarren springende diel fan e gevel datearret fan 1472 en is in wurk fan Ambrogio da Como.
Sûnt 1932 waard de katedraal yn 'e oarspronklike steat werom brocht. Dêrby waarden lettere tafoegings ferwidere. Tegearre mei de Arabysk-Normandyske monuminten fan Palermo en de katedraal fan Monreale waard de tsjerke yn 2015 tafoege oan it wrâlderfgoed fan UNESCO.
Eksterieur
bewurkje seksjeDe twillingstuorren hearden al ta de oarspronklike tsjerke. Se ferskille yn it boppediel troch de finsters en spitsen, mar fierder binne se wakker gelyk. De foar de gevel steande portikus waard yn 1471 yn 'e styl fan 'e Katalaanske lette goatyk boud. De roasfinsters yn 'e apsis waarden yn 1142 tichtmitsele om it oanbringen fan in grut mozayk mooglik te meitsjen.
Ynterieur
bewurkje seksjeAlhoewol't de katedraal yn 'e massive en ienfâldige foarmen in romaansk bouwurk is, is fanôf de triomfbôge in begjin fan 'e oankommende goatyske moade te sjen. It dak fan it skip wie ea heger, itjinge oan 'e bûtenkant fan it skip te sjen is. It transept is heger as it skip en de sydskippen. In diel fan it gebou hat in tonferwulft, oare dielen hawwe in houten dak of in stiennen ribferwulft.
It ynterieur hat de foarm fan in latynsk krús en is ferdield yn in skip en twa sydskippen troch arkades fan antike pyldres: fjirtjin yn rôze granyt en twa fan moarmer. De bases en kapitelen stamme út de 2e iuw. De twa kapitelen dy't de triomfbôge drage datearje wierskynlik út it midden fan de 12e iuw.
Nei alle gedachten soe de hiele tsjerke fersierd wurde mei mozaïken, mar it waard allinne yn it gebiet fan it presbytearium útfierd. De apsis oant de helte fan 'e muorren binne dêr noch jimmeroan bedutsen mei 12e-iuwske mozaïken. Rogier II liet keunsters út Byzantium helje, dy't de tradisjonele Byzantynske dekorative keunst oanpasten oan in bouwurk fan Noard-Europeeske oarsprong. De mozaïken waarden yn 1148 foltôge en wurde troch it grutte mozayk fan Kristus Pantokrator oerhearske.
Fan 'e fresko's is in foarstelling fan Urbanus V op in pylder fan it lofter sydskip út de 14e iuw it neamen wurdich. Yn it lofter transept is ek in 15e-iuwske troanende Madonna bewarre bleaun.
Yn 'e basilyk binne meardere grêfmonuminten te sjen, wêrûnder in antike en in midsiuwske sarkofaach en it monumintale grêfmonumint fan biskop Castelli út de 18e iuw.
It 12e-iuwske doopvont is út ien blok stien fike en fersierd mei fjouwer liuwen. In beskildere houten krús is makke troch Guglielmo da Pesaro (1468).
It plafond fan it skip hat in skildere dekoraasje fan bisten en oare motiven. It is mooglik it wurk fan Arabyske faklju.
Sûnt 1985 waard de katedraal fersierd mei nije glês-yn-lead ramen fan 'e keunstner Michele Canzoneri út Palermo. De 72 ramen byldzje foarstellings út fan it Alde- en Nije Testamint. De moderne en abstrakte styl fan 'e ramen koe net elkenien bekoarje.
Kleastergong
bewurkje seksjeYn 'e katedraal is in tagong nei de kleastergong. De spitbôgige arkades rêste hieltiten op twa smelle pylders. De kleastergong stie model foar oare kleastergongen op Sisylje, benammen dy fan Monreale.
Opgravings
bewurkje seksjeOpgravings yn 'e katedraal hawwe dielen fan in mozayk út de 6e iuw bleatlein. Se stelle in drinkende do, dielen fan twa oare fûgels, twa beamkes en in leeljefoarmige blom yn in kader fan ogivale en rútmotiven foar. Mooglik stamt it mozayk fan in âldere Byzantynske basilyk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|