Raphaël Géminiani
Raphaël Géminiani (Clermont-Ferrand, 12 juny 1925 - 5 july 2024) wie in Frânsk hurdfytser. Géminiani wist yn 1955 yn alle trije de grutte omgongen yn de top tsien te einigjen.
Raphaël Géminiani | ||
sporter | ||
Raphaël Géminiani (1954) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Raphaël Géminiani | |
bynamme | Le Grand Fusil | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
bertedatum | 12 juny 1925 | |
berteplak | Clermont-Ferrand | |
stjerdatum | 5 july 2024 | |
etnisiteit | Italjaansk | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Hurdfytsen | |
ûnderdiel | Dykhurdfytsen | |
debút | 1946 | |
karriêre-ein | 1960 |
Karriêre
bewurkje seksjeGéminiani wie beropshurdfytser fan 1946 oant 1960. Syn bynamme wie Le Grand Fusil. (It grutte gewear). Géminiani kaam in pear kear ticht by de einoerwinning yn de Omgong fan Frankyk. Sa waard er fjirde yn 1950, twadde yn 1951 (beide kearen op flinke ôfstân fan de winners Ferdi Kübler en Hugo Koblet) en tredde yn 1958, efter de Lúksemboarger Charly Gaul.
Yn 1958 wie er it tichtst by de einoerwinning. Nei de klimtiidrit op de Mont Ventoux, dêr't Gaul wûn, luts er de giele trui oan. Mar yn de 21ste etappe, troch de Chartreuse, fan Briançon nei Aix-les-Bains, grypte Gaul nei de macht.
Yn desimber 1959 nûge Maurice Yaméogo de presidint fan Boerkina Faso, Fausto Coppi, Géminiani, Jacques Anquetil, Louison Bobet, Roger Hassenforder en Henry Anglade út om tsjin lokale fytsers te riden en dêrnei te jeien. Sawol Fausto Coppi as Raphaël Géminiani krigen malaria en waarden siik doe't se thúskamen fan de reis. Géminiani waard better, mar syn freon Coppi stoar. Nei dizze reis beëinige Raphaël Géminiani syn hurdfyts karriêre.
Syn wichtichste oerwinnings binne: Ienkear it nasjonaal kampioenskip fan Frankryk, sân etappes yn de Omgong fan Frankryk, ien kear it berchklassemint fan de Omgong fan Frankryk en twa kear it Berchklassement fan de Omgong fan Itaalje. Raphaël Géminiani ferstoar op 5 july 2024, yn 'e âldens fan 99 jier.
Dielnimming oan grutte omgongen
bewurkje seksjeDielnimming oan de Omgong fan Frankryk
bewurkje seksje- 1947 - Net finisht
- 1948 - 15e;
- 1949 - 25ste; winner 19e etappe.
- 1950 - 4e; winner 17e en de 19e etappe.
- 1951 - 2e; winner 9e etappe.
- 1952 - 11e; winner 8ste en 17e etappe.
- 1953 - 9e;
- 1954 - Net finisht
- 1955 - 6e; winner 9e etappe.
- 1956 - 49ste;
- 1958 - 3e;
- 1959 - 28ste;
Dielnimming oan de Omgong fan Spanje
bewurkje seksjeDielnimming oan de Omgong fan Itaalje
bewurkje seksjePloegen
bewurkje seksje- 1946-1948 - Métropole-Dunlop
- 1949 - Stucchi
- 1950-1951 - Bottecchia
- 1952-1953 - Bianchi-Pirelli
- 1953 - Rochet-Dunlop
- 1954 - Ideor
- 1954-1957 - Saint-Raphaël
- 1957 - Cilo-Toscanelli
- 1958 - Saint-Raphaël
- 1959 - Rapha-R
- 1960 - Saint-Raphaël
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|