Alghero (Italjaansk: Alghero, Katalaansk: L'Alguer, Sardysk: S'Alighèra) is in havenstêd op it Italjaanske eilân Sardynje, dy't diel útmakket fan 'e provinsje Sassari. De stêd hie yn 2015 in befolking fan likernôch 44.000 minsken, en in oerflak fan sa'n 225 km².

Alghero
Alghero sjoen fan de Middellânske See ôf
Alghero sjoen fan de Middellânske See ôf
Bestjoer
Lân Itaalje
Regio Sardynje
Provinsje Sassari
Sifers
Ynwennertal 42.143 (31.05.2024)
Oerflak 225,4 km²
Hichte 7 m
Oar
Stifting Aldheid
Postkoade 07041
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 40° 33' N 8° 19' E
Offisjele webside
/www.comune.alghero.ss.it
Kaart
Alghero (Itaalje)
Alghero

Katalaanske befolking

bewurkje seksje
 
Twatalich strjitnammeboard yn Alghero.
 
Fersprieding fan it Katalaanske taalgebiet op Sardynje.

In diel fan 'e ynwenners fan Alghero sprekt Katalaansk. Dat komt foar in part omdat de oarspronklike befolking fan 'e stêd deportearre waard troch it Aragoneeske kening Peter IV. Letter waard de opstannige lânseigen befolking ferfongen troch Katalaanske kolonisten, dy't har eigen taal meibrochten. Mei't neitiid it Katalaansk fan 'e kolonisten fermongen rekke mei it Sardysk dat yn 'e omkriten fan Alghero sprutsen waard, ûntstie doe in folslein unike fariant fan it Katalaansk: it Alghereeske dialekt. Troch de ynfloeden fan 'e oare talen dy't op Sardynje sprutsen wurde hat dat in protte Sardyske, mar ek Italjaanske skaaimerken. Sûnt 1997 hat it Katalaansk yn Alghero erkenning as minderheidstaal fan it Italjaanske regear. Yn 'e stêd sels hat it in semy-offisjele status.

Guon ferskillen tusken it Alghereesk en de Katalaanske standerttaal

bewurkje seksje
Frysk Alghereesk Katalaansk
alghereesk alguerés alguerès
altyd prate astà sempra pallant està sempre parlant

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.