Omgong fan Itaalje foar froulju

De Omgong fan Itaalje (Italjaansk: Giro Donne van 2013-2020 Giro Rosa) is in hurdfytswedstryd yn Itaalje foar froulju. Wurdt yn de simmer yn etappen troch gâns Itaalje fytst.

Giro Donne
holden yn Itaalje
data juny,
july
sport hurdfytsen
organisator PMG Sport
earste edysje 1988
edysjes
foarige 2024
folgjende 2025
Temaside  Sport

Yn de jierren 90 duorre de Omgong faak tolve dagen en waard yn de perioade 1995-1998 fjouwer kear op rige wûn troch de Italjaanske Fabiana Luperini dy't yn 2008 noch in fiifde oerwinning taheakke in rekôr dat noch altyd stiet (2022). Yn de earste jierren fan de 21e iuw bestie de Giro Donne meastal út in prolooch en njoggen etappen. Yn desimber 2012 waard bekend dat organisator Epinike him nei trije jier weromluts. Yn april 2013 waard lykwols in wertekene en oant acht ritten ynkoarte Omgong oankundige dy't yn july ferriden waard ûnder de nije namme Giro Rosa. Fan 2014 ôf duorret de Giro wer tsien dagen (prolooch of ploegetiidrit en njoggen etappen ), útsûndering wie 2020 mei njoggen etappen. Nei opnij in organisaasje wiksel waard de Omgong yn 2021 ferriden as de Giro d'Italia Internazionale Femminile en yn 2022 wer as de Giro Donne.

Winners Rôze trui

bewurkje seksje
Jier Winner Nasjonaliteit Ploech
1988 Maria Canins   Italjaansk
1989 Roberta Bonanomi   Italjaansk
1990 Catherine Marsal   Frânsk
1991 & 1992 Omgong net organisearre
1993 Lenka Ilavská   Tsjechysk Swann Hooch
1994 Michela Fanini   Italjaansk
1995 Fabiana Luperini   Italjaansk GS Gelati Sanson
1996 Fabiana Luperini   Italjaansk GS Gelati Sanson
1997 Fabiana Luperini   Italjaansk GS Gelati Sanson
1998 Fabiana Luperini   Italjaansk Sprint
1999 Joane Somarriba   Spaansk Alfa Lum
2000 Joane Somarriba   Spaansk Alfa Lum
2001 Nicole Brändli   Switsersk Edil Savino
2002 Svetlana Boebnenkova   Russysk Edil Savino
2003 Nicole Brändli   Switsersk Team Prato Marathon Bike
2004 Nicole Cooke   Britsk Safi-Pasta Zara-Manhattan
2005 Nicole Brändli   Switsersk Team Bigla
2006 Edita Pučinskaitė   Litousk Nobili Rubinetterie - Menikini - Cogeas
2007 Edita Pučinskaitė   Litousk Nürnberger Versicherung
2008 Fabiana Luperini   Italjaansk Menikini - Selle Italia - Master Colors
2009 Claudia Häusler   Dútsk Cervélo TestTeam
2010 Mara Abbott   Amerikaansk Peanut Butter & Co.
2011 Marianne Vos   Nederlânsk Nederland Bloeit
2012 Marianne Vos   Nederlânsk Rabobank-Liv Woman
2013 Mara Abbott   Amerikaansk Exergy TWENTY16
2014 Marianne Vos   Nederlânsk Rabobank-Liv Woman
2015 Anna van der Breggen   Nederlânsk Rabobank-Liv Woman
2016 Megan Guarnier   Amerikaansk Boels Dolmans
2017 Anna van der Breggen   Nederlânsk Boels Dolmans
2018 Annemiek van Vleuten   Nederlânsk Mitchelton-Scott
2019 Annemiek van Vleuten   Nederlânsk Mitchelton-Scott
2020 Anna van der Breggen   Nederlânsk Boels Dolmans
2021 Anna van der Breggen   Nederlânsk Team SD Worx
2022 Annemiek van Vleuten   Nederlânsk Movistar
2023 Annemiek van Vleuten   Nederlânsk Movistar
2024 Elisa Longo Borghini   Italjaansk Lidl–Trek

Measte oerwinningen

bewurkje seksje

5x

4x

3x

Fryske Dielnimmers

bewurkje seksje
Namme Jier(ren) Ploech Posysje
algemien
klassemint
(Roze Trui)
Anouska Koster 2024 UNO-X 44

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: