De geiteftigen of bokken (wittenskiplike namme: Caprinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), it ûnderskift fan 'e wjerkôgers (Ruminantia), it tuskenskift fan 'e hoarndieren (Pecora) en de famylje fan 'e holhoarnigen (Bovidae). Ta dizze ûnderfamylje hearre, ôfhinklik fan 'e yndieling, 35 soarten bisten, mei as bekendste fertsjintwurdigers it skiep en de geit. Ek de gimzen en de muskusokse hearre dat dizze groep. Binnen de famylje fan 'e holhoarnigen binne de geiteftigen it naust besibbe oan 'e út ien soarte besteande ûnderfamylje fan 'e Tibetaanske antilopen (Pantholopinae), dy't troch guon saakkundigen as in skaai fan 'e geiteftigen sjoen wurdt.

geiteftigen
In Nubyske stienbok (Capra nubiana).
In Nubyske stienbok (Capra nubiana).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: evenhoevigen (Artiodactyla)
(sûnder rang): baarch- en walfiskeftigen
   (Artiofabula)
(sûnder rang): walfiskeftigen en wjerkôgers
   (Cetruminantia)
ûnderskift: wjerkôgers (Ruminantia)
tuskenskift: hoarndieren (Pecora)
boppefamylje: holhoarnigen en muskusharten
   (Bovoidea)
famylje: holhoarnigen (Bovidae)
ûnderfamylje: geiteftigen (Caprinae)
Gray, 1821

Karakteristiken

bewurkje seksje

Hoewol't de measte geiteftigen sosjale bisten binne mei in frij knobske lichemsbou, ferskille se op oare manearen sterk faninoar. Sa is de muskusokse (Ovibos moschatus) alhiel oanpast oan 'e ekstreme kjeld fan it Arktysk Gebiet, wylst de sniegeit (Oreamnos americanus) út Noard-Amearika him spesjalisearre hat yn in bestean yn it heechberchtme fan 'e Rocky Mountains en de oerial (Ovis orientalis vignei of Ovis vignei) yn 'e woastinen fan Iraan en Súd-Aazje libbet.

Op it mêd fan grutte rinne de geiteftigen útinoar fan in lingte fan justjes mear as 1 m mei in gewicht fan minder as 30 kg foar in folwoeksen Himalayagoaral (Nemorhaedus goral) oant in lingte fan hast 2½ m mei in gewicht fan mear as 350 kg foar in muskusokse. Yn finzenskip weage de swierste muskusokse mear as 650 kg.

Alle geiteftigen binne herbivoaren, dy't har iten troch weidzjen en it ôfgnabjen fan blêden en twigen ta har nimme. Dêrby kinne se ferdield wurde yn twa kategoryen: migrearjende weiders, dy't oanhâldend op 'en paad binne op 'e siik nei iten, en territoariumferdigeners, dy't in fêst wengebiet hawwe dat se ferdigenje tsjin oare leden fan harren soarte. De weiders binne oer it algemien grutter en sosjaler, en de territoariumferdigeners lytser en solitêrder, mar der bestiet gjin dúdlik skiedsline tusken dizze beide kategoryen dy't oerienkomt mei in taksonomyske ferdieling yn ferskillende skaaien. Boppedat binne der ek soarten dy't skaaimerken fan beide groepen fertoane, sadat der in kontinuum bestiet mei poere territoariumferdigeners, lykas de boskgimzen, oan 'e iene útein, en poere weiders, lykas skiep, geiten en muskusoksen, oan 'e oare útein.

In protte soarten geiteftigen binne útstoarn sûnt de lêste iistiid, mooglik (mei) troch oerbejaging troch de minske. Fan 'e oerlibbene 35 oant 37 soarten binne 5 klassifisearre as yn har fuortbestean bedrige, 8 as kwetsber en 7 as ferlet hawwend fan beskerming, mar net daliks yn gefaar ferkearend. De rest komt rûnom foar en is alhiel net yn gefaar. Twa soarten, it skiep (Ovis aries) en de geit (Capra aegagrus hircus), binne troch de minske domestisearre en wurde sadwaande wrâldwiid oantroffen. Twa oare soarten, de gims (Rupicapra rupicapra) en de Himalayataargeit (Hemitragus jemlahicus) binne troch de minske yntrodusearre yn Nij-Seelân en komme dêr no as eksoaten yn it wyld foar.

Underfamylje-opbou

bewurkje seksje
 
De Spaanske stienbok (Capra pyrenaica).
 
In skiep (Ovis aries).
 
De Himalayagoaral (Nemorhaedus goral).

*) ek wol beskôge as in ûnderfamylje fan 'e holhoarnigen.

Fossile skaaien

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.