Boskgimzen
De boskgimzen of boskgemzen (wittenskiplike namme: Capricornis) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), it ûnderskift fan 'e wjerkôgers (Ruminantia), it tuskenskift fan 'e hoarndieren (Pecora), de famylje fan 'e holhoarnigen (Bovidae), de ûnderfamylje fan 'e geiteftigen (Caprinae) en de tûke fan 'e muskusokseftigen (Ovibovini). Fossilen fan boskgims-eftige bisten geane tebek oan yn it Let Plioseen, 2 oant 7 miljoen jier lyn. Saakkundigen binne fan betinken dat de ierste mienskiplike foarâlder fan 'e geiteftigen wierskynlik tige by tige op 'e moderne boskgimzen like hat.
boskgimzen | ||
De Sumatraanske boskgims (Capricornis sumatraensis). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | evenhoevigen (Artiodactyla) | |
(sûnder rang): | baarch- en walfiskeftigen (Artiofabula) | |
(sûnder rang): | walfiskeftigen en wjerkôgers (Cetruminantia) | |
ûnderskift: | wjerkôgers (Ruminantia) | |
tuskenskift: | hoarndieren (Pecora) | |
boppefamylje: | holhoarnigen en muskusharten (Bovoidea) | |
famylje: | holhoarnigen (Bovidae) | |
ûnderfamylje: | geiteftigen (Caprinae) | |
tûke | muskusokseftigen (Ovibovini) | |
skaai: | boskgimzen (Capricornis) | |
Ogilby, 1836 | ||
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe binne fjouwersoarten boskgimzen, dy't oant resint as ûnderskaai oan it skaai fan 'e goarals (Nemorhaedus) tafoege waarden. Se komme foar yn Sintraal-, East- en Súdeast-Aazje, en libje almeast op rotsige berchskeanten, hoewol op in legere hichte as de goarals. De boskgimzen binne grutter, trager en minder linich as goarals, mar se kinne lykwols noch altyd prima op steile skeanten út 'e fuotten. Oars as goarals sette boskgimzen mei klieren oan 'e foarkant fan har eagen geurflaggen ôf om har territoarium te markearjen. Beide geslachten fan 'e boskgimzen hawwe in sik en hoarnen dy't faak koarter binne as de earen.
Skaai-opbou
bewurkje seksje
|
Oant 2020 waarden der noch twa oare soarten boskgimzen erkend: de Himalayaboskgims (Capricornis thar) en de Sineeske boskgims (Capricornis milneedwardsii). Nij ûndersyk nei it DNA fan 'e bisten brocht lykwols oan it ljocht dat dat eins ûndersoarten wiene fan 'e Sumatraanske boskgims (Capricornis sumatraensis). Om't dat betsjutte soe dat de Sumatraanske boskgims op grutte dielen fan it Aziatyske fêstelân foarkaam, wurdt dy no de fêstelânboskgims neamd, mei de Himalayaboskgims (Capricornis sumatraensis thar), de Sineeske boskgims (C. s. milneedwardsii) en de oarspronklike, yn syn fersprieding ta it eilân Sumatra beheinde Sumatraanske boskgims (C. s. sumatraensis) as ûndersoarten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|