Walfiskeftigen en wjerkôgers

De walfiskeftigen en wjerkôgers (wittenskiplike namme: Cetruminantia) foarmje in noch rangleas takson fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia) en it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla). Yn dizze taksonomyske groep binne de walhoarseftigen (Whippomorpha), dy't de walfiskeftigen (Cetacea) en de nylhoarsen (Hippopotamidae) omfetsje, gearbrocht mei de wjerkôgers (Ruminantia), dy't fan alle evenhoevigen it naust oan harren besibbe binne.

Walfiskeftigen en wjerkôgers
In keppel nylhoarsen (Hippopotamus amphibius).
In keppel nylhoarsen (Hippopotamus amphibius).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: evenhoevigen (Artiodactyla)
(sûnder rang): baarch- en walfiskeftigen
   (Artiofabula)
(sûnder rang): walfiskeftigen en wjerkôgers
   (Cetruminantia)
Waddell et al., 1999

Klassifikaasje bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.