Holhoarnigen
De holhoarnigen (wittenskiplike namme: Bovidae) foarmje in famylje fan krapoan 140 bistesoarten fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia) en it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), dêr't û.o. de ko, it skiep en de geit ta hearre. Holhoarnigen ûnderskiede harren troch (alteast by de mantsjes) karakteristike, oer it algemien kromme hoarnen sûnder fertakkings dy't bedutsen binne troch in permaninte laach keratine. De famylje is tige wiid ferspraat, mei ûnderskate soarten dy't lânseigen binne yn Aazje, Afrika, Jeropa en Noard-Amearika.
Holhoarnigen | ||
In sabelantilope. | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | evenhoevigen (Artiodactyla) | |
(sûnder rang): | baarch- en walfiskeftigen (Artiofabula) | |
(sûnder rang): | walfiskeftigen en wjerkôgers (Cetruminantia) | |
ûnderskift: | wjerkôgers (Ruminantia) | |
tuskenskift: | hoarndieren (Pecora) | |
famylje: | holhoarnigen (Bovidae) | |
Gray, 1821 | ||
De holhoarnigen binne frijwol allegearre herbivoaren, útsein de measte duikersoarten, dy't omnivoar binne. Yn grutte rinne de holhoarnigen útinoar fan 'e gaur, in wyld kobist út Aazje, dat in skofthichte fan 2,2 m hat, oant de dwerchantilope, dy't sa'n 3 kg weaget en like grut is as in hûskat. Se libje yn in ferskaat oan biotopen, fan woastyn en toendra oant tropysk reinwâld.
Famylje-opbou
bewurkje seksje
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |