Theodorus Petrus Antonius Lambooij, (Dronryp, 18 febrewaris 1901 - Ljouwert, 10 maaie 1995), wie in musikus en ûnderwizer.[1]

Hy wie foarsitter fan de Roomske Underwizersferiening ôfdieling Ljouwert (1939-1964), bestjoerslid fan it Frysk Orkest (1952-1972), organist/dirigint nije Dominikus tsjerke (1935-1971) en muzykmeiwurker fan de Ljouwerter Krante.

  • Land en Volk van Friesland (1947)
  • Van schutterij tot Frysk Orkest (tegearre mei Hugo Kingmans, 1970)
  • Leeuwarden musiceert (1974)
  • Frysk Lieteboek (mei Jan Slofstra, 1979)
  • Onze Lieve Vrouw van Leeuwarden

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Rou-advertinsje