Hobbemastate wie in state krekt besuden de tsjerke fan Dronryp, gemeente Menameradiel. Op it steed stiet yn 2009 en (wen)buorkerij.

Hobbemastate yn 1723

It boujier is ûnbekend. Yn 1572 wurdt Douwe fan Glins, berne op Hobbemastate yn Dronryp, yn Grins “met de swaerde gericht” (ûnthalze) omdat hy de side fan de Reformaasje keazen hawwe soe. Stimkohier 1640: eigener jonker Laes fan Glins, sels brûker.

Yn de tsjerke stiet in 'hearebank' mei yn de bekroaning de alliânsjewapens Glins - Bants ûnder in kroane helm; helmteken: 3 strúsfearren; op in kroanlist fan dizze bank de kertierwapens Glins - Fronhoven en Bants – Wigara; helmen en helmtekens ûntbrekke. Dizze bank waard oprjochte foar Laes Idserdts fan Glins († 1652) en Jouwercke Siouckesdr. Bants op Hobbemastate yn Dronryp.
Floreenkohier 1700: frou Deitsen fan Roorda, widdo Humalda, brûker Minne Jans widdo c.s. Doe't Jacob Stellingwerf yn 1723 in tekening makke fan Hobbemastate wie it eigendom fan Sjuck fan Humalda. Jonker Binnert Philip Æbinga fan Humalda, grytman fan Hinnaarderadiel, wenne yn 1786 op Hobbemastate. Hy wie goed prinsgesind en frijwat ynfloedryk en wist yn dat jier foar te kommen dat de patriot ds. Wiltetus Bernardus Jelgersma beroppen waard as predikant te Dronryp. Doe't letter de yn dy syn plak beroppen dûmny Paulus Matthias Kesler yn 1793 ek patriottyske útspraken die, soarge jonker Binnert derfoar dat hy út syn amt setten waard en út Fryslân band waard.

Hobbemastate hat fan alle âlde aadlike huzen yn en om Dronryp it langste stân hâlden. De ‘Tegenwoordige Staat van Friesland’ skriuwt: Weleer lagen hier verscheiden schoone Adelijke Staten; doch thans is daarvan maar alleen in haaren ouden bloei Hobbema, voorzien met eene schoone huizinge, ruimen tuin en appelhof….

  • 1640 Laes fan Glins
  • 1700 Deitsen fan Roorda, widdo Humalda
  • 1723 Sjuck fan Humalda
  • 1786 Binnert Philip Æbinga fan Humalda

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Kroniek van het hedendaagse Friesland fan Dr. Wumkes
  • Tegenwoordige staat van Friesland, ± 1775
  • Menaldumadeel, 2000 jaar leven in een Friese grietenij troch David Hartsema, 1981
  • Skiednis fan Menameradiel, red. O. Santema en dr. Y.N. Ypma, 1972
  • Sint Salvius op de terpen troch Dirk J. de Vries, 2002
  • Stinzen yn Fryslân