Hans Falck fan Neurenberch

(Trochferwiisd fan Hans Falck van Neurenberg)

Hans Falck fan Neurenberch (±1578, nei alle gedachten Neurenberch), wie in ferneamd klokkejitter út Ljouwert, dy't letter ek yn Ruslân arbeide hat. Hy wie fan Dútsk komôf.

Klok fan Surhuzum út de jitterij fan Falck

Libben en wurk

bewurkje seksje

Falck wurke yn de jierren 10 fan de 17e iuw yn De Bosk en hat doe in soad liedklokken foar tsjerken yn Midden- en Súd-Nederlân makke. Yn Grinslân hat er yn dy jierren de tsjerken fan Gryptsjerk (1613) en Breede (1615) fan klokken foarsjoen.

Hy wurke yn Ljouwert fan ±1616 (dan wurdt er neamd by ûnderhannelings mei in Ljouwerter oer it jitten fan in klok) oant ± 1634. Wis is dat er yn 1619 boarger fan Ljouwert wurden is. Falck hie syn jitterij yn de âlde tsjerke fan Nijehou foar de Jakobiner Tsjerke oer. Nei syn ferfarren nei Moskou, 1634/1635 wurdt it bedriuw oernommen troch syn learling Jacob Noteman. Noteman miende letter te witten dat Falck yn 1645 noch yn libben wie.

Falck hat foar ferskate tsjerken yn 17e iuwsk Fryslân (en dêr bûten) klokken makke, bygelyks de grutte klok fan de Aldehou (6000kg, 1633) yn Ljouwert en de tsjerken fan Achlum, Bûtenpost, Boalsert, Frjentsjer, Dronryp (1632), Visvliet (1630), Eanjum en Surhuzum hawwe syn klokken.

Yn Ruslân wie er bekend as Ivan Falk of Johann Falk. Hy kaam yn 1634/1635 yn tsjinst fan tsaar Michail Fjodorovitsj Romanov (tsaar fan 1613 - 13 july 1645). Hans Falck wurdt lykwols it earst yn histoaryske dokuminten neamd yn 1627(!) as ambachtsman by de Moskouske Kanonne Wurkpleats. Fan dat jier ôf oant de lette 50er jierren fan de 17e iuw, wurdt er beskôge as de wichtichste klok- en kanonnemakker út Moskou. Falck hie in offisjeel salaris en krige dêrneist ien kear yn 't jier in ‘jefte fan de tsaar’. Hy krige in stiennen wurkpleats wylst de oare metaaljitters it mei in houtenien dwaan moasten. Hans Falk wenne by de hûshâlding fan Knjaz (prins) Michail Kozlovsky yn de Rozhdestvenskaja Strjitte. Yn april 1641 die er it fersyk oan de tsaar, at dy him net fan in eigen hûshâlding foarsjen koe. Dat soe rillegau barre.

De Dútske gelearde en diplomaat Adam Olearius, dy’t yn 1634/1635 troch Ruslân reizge, neamt Falkck yn syn boek Beschreibung der muscowitischen und persischen Reise. Hy seit dat Falck in tige betûft ambachtsman wie út Neurenberch dy’t de Russen leard hat om kanonnen te jitten. Adam Olearius seit ek dat Falck by steat wie en fabrisearje kanonnen dy’t mei 25 pûn buskrût 26 pûn izer ôfsjitte koene. Neffens Olearius wie er dêrtroch yn Hollân al ferneamd wurden.

Yn 1641 kriget Falck fan Michail Fjodorovitsj de opdracht om in 700 pûd (11,500 kg) swiere klok te jitten foar de Dormition Katedraal fan it Kremlyn, dy’t lykwols tsien jier letter ferbrizelje soe. Yn 1652 krige Falk ferskil fan miening mei guon oare klokmakkers (laat troch Danila Matvejev en Jemeljan Danilov) oer it ranen en opnij jitten fan dizze klok; de rjochtsaak dy't dêr fan kaam hat er ferlern. De tsaar hat him doe wierskynlik ferfongen troch Jemeljan Danidov (1627) dy't stoar yn de pestepidemy fan simmer 1654.

Hans Falk hat mear as 25 jier yn Ruslân wurke. Meast hawwe syn klokken gjin sinjatuer mei krige, dat der kinne mar in minderheid fan syn produsearre work mei wissichheid oan him taskreaun wurde:

  • in klok foar it Berte Kleaster yn Vladimir (1632)
  • in klok foar de Annunsiaasje Katedraal yn Kazan (1640; mei sinjatuer fan Falck)
  • in klok foar de Trinity Tsjerke yn Nikitniki (1649; it is no in a part fan de samling fan it Steats Histoarysk Museum
  • in klok foar de klokketoer fan it Savva Storozhevsky Kleaster omkriten Zvenigorod (1652)
  • in klok foar de Transfiguraasje Katedraal yn Jaroslavl (mei sinjatuer fan Falck)
  • mooglik de 35-pûd (570 kg) Rodionovskyklok fan de Ivan de Grutte Klokketoer fan it Kremlin yn Moskou, getten yn 1647

It is ek witten dat Falck de saneamde Yunak heakbus makke hat.

It is net dúdlik hoe’t Hans Falck’s libben nei it einigjen fan syn tsjinstferbân by de Moskouske Kanonne Wurkpleats ferrûn is. Faaks is er werom gien nei syn heitelân, of hy kin stoarn wêze oan de pest dy’t yn de 50er jierren in soad slachtoffers easke hat yn Moskou. Yn alle gefallen hat syn wurk fan grutte ynfloed west op de Russyske metaaljitterij yn de twadde helte fan de 17e iuw. Histoaryske dokuminten neame fjouwer learfeinten fan Falck: Stepan Orefyev, Timofei Timofejev Utinkov, Ivan Timofeyev Reztsov, Ivan Ivanov. Yn it wurk fan ferneamde jitters Jemeljan Danilov, Alexander Grigorjev, en de famylje Motorin kin men de jitmetoades fan Falck werom fine.