Fuotbalferiening Dronryp

Fuotbalferiening Dronryp is in fuotbalklup út de sneinske fjirde klasse en waard oprjochte op 23 july 1947. De wedstriden fan de jongerein, dy't tegearre spylje mei de jongerein fan Foarút út Menaam as SJO Dronryp/Foarút, wurde sawol ôfwurke op De Ring oan 'e Welderingsstrjitte yn Dronryp as op sportkompleks Skatzenburch tusken Dronryp en Menaam. De wat âlderen spylje lykwols sûnt 1973 al harren wedstriden op Skatzenburch, mei't der yn it doarp net genôch plak is.

Fuotbalferiening Dronryp
Oprjochte 23 july 1947
Plak Dronryp
Tal fjilden 2
Trener Febo Roosenburg
Kompetysje Fjirde klasse
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Tenu

Keppeling om utens bewurkje seksje