Skots & Skeef Festival
It Skots en Skeef Festival (de offisjele namme is Frysktalich) is in iendeisk muzykfestival dat elts jier op in sneon yn 'e twadde helte fan 'e moanne augustus organisearre wurdt yn it Fryske doarp Dronryp. De earste edysje fan it evenemint fûn plak yn 2015. It wurdt holden op in terrein oan 'e râne fan it doarp, oan 'e âlde strjitwei nei Frjentsjer, op it adres Strjitwei 1. Kaartsjes wurde foarôf ferkocht yn ferskate winkels yn Dronryp en Frjentsjer.
Skots & Skeef Festival | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Waadhoeke | |
plak | Dronryp | |
holden yn | terrein o/d strjitwei nei Frjentsjer | |
tiid fan it jier | 2e helte augustus | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | muzykfestival | |
sjenre | popmuzyk | |
bestean | 2015 – no | |
offisjele webside | ||
skotsenskeeffestival.nl |
Op it Skots & Skeef Festival trede bands en artysten út binnen- en bûtenlân op, en ek live-discjockeys út 'e omkriten fan Dronryp. Fierders binne der ûnderskate oare aktiviteiten en is der op it terrein karút oan iterij oanwêzich. Yn 2018 wie de wichtichste artyst op it festival de Brabânske rapper fan Surinaamsk komôf Def Rhymz. Oare optredens waarden fersoarge troch Mark Foggo and The Skasters, De Doelleazen, De Woudrukkers, de 10,000 Volt Blues Band, CCR Tribute, de Kroegtijgers, Jimmy James, Basher en All Tha Fokk.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|