Ferhurde wei

(Trochferwiisd fan Strjitwei)

In ferhurde wei of ferhurde dyk is in paad wêrfan't de toplaach belein is mei in hurd materiaal, lykas klinkerts of asfalt. Binnen de beboude kom fan in doarp of stêd wurdt sa'n ferhurde wei yn 'e regel in strjitte neamd. Op 'e romte spriek men foarhinne fan in strjitwei. Om't ferhurde wegen yn Fryslân tsjintwurdich de regel binne, wurdt de ferhurde steat fan sokke wegen bûten de beboude kom no yn it spraakgebrûk ornaris net mear oanjûn.

In ferhurde wei.

Ferhurding fan wegen is needsaaklik om't fiertugen mei tsjillen fuorren meitsje, dy't by wiet waar tige djip yn 'e ûndergrûn ynslite kinne. Foarhinne hie men ek rekken te hâlden mei hynstehoeven, dy't by in protte ferkear it paad ek flink omwuolje koene. In wei dy't ferhurde is mei in los materiaal, lykas pún (in púnreed) wurdt net as in ferhurde wei beskôge om't der troch de losse steat fan it ferhurdzjende pún dochs wer gatten en plassen ûntsteane.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.