De Puollen (mole)
De Puollen is in nei in eardere delsetting ferneamde poldermole, ûngefear in kilometer eastlik fan it doarp Dronryp yn de gemeente Waadhoeke. It is in ryksmonumint.
De Puollen (mole) | ||
mûne / mole | ||
De Puollen yn 2018 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Waadhoeke | |
plak | Dronryp | |
adres | Puoldyk 69 | |
koördinaten | 53° 11' N 5° 40' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
funksje | Poldermûne | |
oarspr. gebrûk | Bemeallen fan de Eastpolder | |
flecht | 19,14-19,20 meter | |
boujier | 1850 (rûzing) | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Stifting Moles Menameradiel | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 286151 | |
Webside | ||
Stifting Moles Menameradiel | ||
Kaart | ||
De Puollen is in houten, reiddutsen achtkante mole, mei stiennen fjildmuorren en in flecht fan likernôch 19,10 m.
Skiednis
bewurkje seksjeDe mole is in grutte muonts, dy't yn 1850 boud waard foar it bemeallen fan de 365 ha grutte 'Easterpolder', dy't tsjintwurdich diel útmakket fan de polder 'De Puollen'.
Lange tiid stie de mole der ferfallen by, mar yn 1984/1985 waard de mole restaurearre. De Puollen is net mear oansluten op de Fryske boezem, mar wol mealree yn sirkwy. De wipstôk fan de mole is oan it útein fersierd mei in ienhoarn.
It moondershûs is noch oanwêzich. De mole is eigendom fan de Stifting Moles yn Menameradiel en kin besichtige wurde as hy draait.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|