Stifting Moles yn Menameradiel
De Stifting Moles yn Menameradiel (offisjele namme: Stichting Molens in Menaldumadeel) is in molestifting yn it doarp Marsum.
De Stifting Moles yn Menameradiel waard yn 1975 troch in oantal frijwilligers oprjochte mei as doel de ynstânhâlding fan safolle mooglik wynmoles yn de gemeente Menameradiel, dy't doe faak in ferfallen tastân ferkearden. Oant 2005 krige de stifting it eigendom fan in achttal molen, dy't allegear restaurearre waarden en mealree makke waarden. It Wetterskip Fryslân hat trije hjirfan oanwiisd as reservegemaal yn gefal fan slimme wetteroerlêst. De stifting, dêr't in oantal frijwillige moolners by oansluten binne, hat yn Marsum in eigen wurkpleats.
Moles
bewurkje seksjeDe wynmoles dy't de stifting yn eigendom hat binne:
- Deinum: Heechhiem
- Dronryp: Hatsumermole, Keimpetille, De Puollen
- Marsum: Marsumermole, Terpsicht
- Menaam: De Ljip, De Rintmaster
Op de Amerikaanske wynmotor Heechhiem nei, binne se allegear ta ryksmonumint ferklearre.