Harmannus Huber
Harmannus Huber (folút: Harmannus Ulriks Huber; Frjentsjer, 5 april 1663 – Ljouwert, 18 novimber 1730), wie in Frysk jurist en politikus. Hy wurdt soms ek wol Hermannus of Hermanus Huber neamd, mar syn doopnamme, sa't dy fêstlein is op 5 april 1663 yn it herfoarme doopregister te Frjrentsjer, is "Harmannus".
Harmannus Huber | ||
politikus | ||
echte namme | Harmannus Ulriks Huber | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 5 april 1663 | |
berteplak | Frjentsjer (Fryslân) | |
stjerdatum | 18 novimber 1730 | |
stjerplak | Ljouwert (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk Switsersk | |
Deputearre fan Fryslân | ||
amtsperioade | 1721 – 1728 1729 – 1730 | |
Boargemaster fan Snits | ||
amtsperioade | 1718 – 1730 | |
Siktaris fan de Steaten fan Fryslân | ||
amtsperioade | 1682 – 1718 | |
Lid fan de froedskip fan Snits | ||
amtsperioade | 16?? – 16?? |
Huber wie de soan fan Ulrik Huber (1634-1694), in perfester oan de Frjentsjerter Universiteit, en dy syn frou Agnieta Althusius (1641-1663). Hy brocht it fanôf 1682 ta siktaris fan 'e Steaten fan Fryslân, mar joech dy funksje yn 1718 op om boargemaster fan Snits te wurden. Dêrnjonken naam er twaris sitting yn it Kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân.
Huber troude op 29 desimber 1695 te Marsum mei de fan Ljouwert ôfkomstige Elizabeth de Hertoghe (1667-1751), mei wa't er him yn Dronryp, op it bûten Skatzenburch, nei wenjen sette en sân bern krige, trije soannen en fjouwer dochters. Huber ferstoar yn 1730 te Ljouwert, doe't er 67 jier wie.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |