Schatzenburg

(Trochferwiisd fan Skatzenburch)

Schatzenburg (pleatslik ornaris útsprutsen as Skatsenburch en earder Brantsmastate hjitten) is in state en ryksmonumint oan Eastryp 2 yn Dronryp yn de gemeente Waadhoeke.

Schatzenburg

It âldste hûs op dit steed is fan foar 1698, doe't op Brantsmastate in nij wenhûs mei in Flaamske gevel setten waard. Eigner wie Christiaan de Hertoghe, sekretaris fan de gritenij Menameradiel. Fan dat hûs is in tekening troch Jacob Stellingwerf út 1722 yn it Frysk Museum bewarre bleaun.

Om 1725 is it hûs troch Harmannus Huber en syn frou Elizabeth Huber-De Hertoghe, ûnder arsjitektuer fan Wijbe Saagman yngreven ferboud en fernijd. It snijwurk en byldhouwurk, lykas de skoarstienboazem yn de seal en de sânstiennen bekroaning mei in alliânsjewapen op de Flaamske gevel, waard makke troch de byldhouwer Jacob Sydses Bruinsma en syn omke Storm. By dy ferbouwing binne moai wis de gevels en grif in soad fan it ynterieur fernijd. De finsters bestienen út skoramen mei lytse rútsjes.

Koart foar 1749 krige it hûs de namme Schatzenburg. Om 1780 waard troch Johannes Lambertus Huber, ien fan de lieders fan de patriotten, it hûs modernisearre. De foargevel krige hjirby ûnder oare de no noch oanwêzige ramen. Mooglik komt de kroanlist ek út dy tiid. Yn 1787 moast J. L. Huber flechtsje nei Frankryk. Op it hûs waard beslach lein troch de Steaten. Yn 1790 kaam it yn hannen fan Cornelis Martinus Haersma út Wikel.

Sûnt is it gebou net folle feroare, útsein in útwreiding oan de efterkant. Yn it sûterrên binne inkele keamers en in noch yn orizjinele steat ferkearende 16e iuwske koken. Op de haadferdjipping is rjochts fan de romme gong de seal mei in rynsk byldhoude skou. De plafonds hawwe ienfâldich stúkwurk. Tusken 1837 oant 1887 waard it hûs troch dr. Assuerus Quaestius bewenne, dy't it hûs by syn dea oan de stifting Vredenhof yn Dronryp oermakke oan de fâden, dy't út it neiteam fan de famylje Huber socht waarden. De yn Ingelske lânskipsstyl oanleine tún mei hôven en kassen binne noch yn reedlike steat. Der is wat stinzefloara.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Aardrijkskundig Woordenboek fan Van der Aa
  • Langs stinsen, states en andere voorname huizen in Friesland, 1979